Himelfeartkleaster op de Zilantovheuvel
It Marije-Himelfeartkleaster (Russysk: Зилантов Успенский монастырь; Zilantov Uspenski monastyr) is in nonnekleaster fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Kazan, Ruslân. It kleaster, oant 1928 in kleaster foar muontsen, stiet 2 kilometer fan it kremlyn fan Kazan op 'e Zilantov-heuvel.
Marije-Himelfeartkleaster
Зилантов Успенский монастырь | ||
F.l.n.r.: Vladimirtsjerke, Himelfeartkatedraal, Trije-ienheidskatedraal, Adriana- en Nataliatsjerke. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
autonome republyk | Tatarstan | |
plak | Kazan | |
koördinaten | 55° 48' N 49° 03' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochter | 1552 | |
opheffing | 1920 | |
weriepening | 1998 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | gebouwen 19e en 21e iuw. | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 1600154000 | |
Webside | ||
zilantmonastir.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard troch tsaar Ivan de Ferskriklike nei de oermastering fan 'e stêd Kazan op 15 oktober 1552 stifte. It waard boud op it plak dêr't de tinte en it kamp fan 'e tsaar stie en de Russyske soldaten begroeven waarden, dy't by de oermastering by de muorren fan Kazan fallen wiene. Nei't yn 1559 it wetter fan 'e Wolga de muorren fan it kleaster ferneatige, ferhûze it kleaster nei de heuvel dêr't it tsjintwurdich stiet. De net-offisjele namme fan it kleaster, Zilant, ferwiist nei it mytyske bist, dy't neffens de oerlevering op 'e heuvel libbe, in slang op poaten mei fleugels dy't ek yn it wapen fan Kazan ôfbylde wurdt.
It kleaster wie yn 'e 17e iuw foar it measte foltôge. Njonken de Himelfeartkatedraal (1625) wiene der in oan Aleksis fan Kiëv wijde tsjerke (1720) en wen- en bedriuwsgebouwen. Yn 'e jierren 1640-1642 siet biskop Josif fan Sûzdal oant syn dea finzen yn it kleaster, dy't op beskuldiging fan ketterij, eigenbelang en in net-otterdokse libbenshâlding ferballe wie. Yn 'e jierren 1732-1740 wie it Teogloyske Seminaarje fan Kazan binnen de kleastermuorren ûnderbrocht oant it yn 'e stêd in eigen gebou krige.
Yn 1918 waarden tsien muontsen fan it kleaster sûnder rjochtsaak foar de muorre fan it kleaster deasketten, nei't se fan kollaboraasje mei de Witen beskuldige waarden. Ien fan 'e muontsen, wêrfan't se tochten dat er dea wie, wist út te piken nei it Jehannes de Doperkleaster yn 'e stêd, dêr't er ferhelle oer de moard. Yn 1998 waarden de muontsen as martlers fan it Zilantovski-kleaster hillich ferklearre. It kleaster stie nei de moard op 'e muontsen in skoftke leech, maar waard al rillegau wer bewenne troch nonnen. Dat duorre net lang want yn 'e jierren 1920 waard de kleastermienskip dochs noch troch de bolsjewiken ûntbûn. It begraafplak fan it kleaster, dêr't in soad foaroansteande minsken harren lêste rêstplak fûnen, waard yn 'e jierren 1930 ferneatige, wylst ek de measte kleastergebouwen ôfbrutsen waarden.
It hast folslein ferneatige kleaster waard yn 1998 wer oerdroegen oan it bisdom Kazan, dy't dêr wer in kleastermienskip fan nonnen stifte. Allinne de 19e-iuwske Alderheljenkatedraal út 1895-1898 bleau slim ferfallen en diels fernield bewarre. De rest fan 'e gebouwen is nijbou.
Gebouwen
bewurkje seksje- Alderheljenkatedraal (1895-1898, restaurearre yn 1998-2000 en ynwijd doe ynwijd as Marije-Himelfeartkatedraal)[1]
- Trije-ienheidskatedraal (2003-2006; in replika fan de Trije-ienheidskatedraal fan it Trije-ienheid-Sergius Lavra)
- Vladimirtsjerke (2003-2004; yn gebrûk as dooptsjerke)
- Tsjerke fan de HH. Adriana en Natalia (2001-2002; eastlike oanbou oan it sellengebou fan de nonnen)
- Poarte en klokketoer mei de Tsjerke fan de Aartsingel Michael (2004)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Зилантов Успенский монастырь
|