Hiroshima

(Trochferwiisd fan Hirosjima)

Hiroshima is in havenstêd yn it súdwesten fan Japan, yn de prefektuer Hiroshima. De stêd leit op it plak dêr't de rivier Ota yn de Japanske Binnensee útmûnet.

Hiroshima
Boppe lofts:Kastiel fan Hiroshima, Gemeentlik baseball-stadion, Fredesmonumint, jûntiid yn Ebisu-cho, Shukkei-en (Asano-park)
Boppe lofts:Kastiel fan Hiroshima, Gemeentlik baseball-stadion, Fredesmonumint, jûntiid yn Ebisu-cho, Shukkei-en (Asano-park)
Bestjoer
Lân Japan
Regio Chūgoku (San'yō)
Prefektuer Hiroshima
Sifers
Ynwennertal 1.185.833 (2015)
Oerflak 905,25 km²
Befolkingsticht. 1.310 / km²
Hichte m
Oar
Stifting 1589
Tiidsône UTC+9
Offisjele webside
www.city.hiroshima.lg.jp/
 
Loftfoto nei de atoombom.

Op 6 augustus 1945 waard in atoombom op de stêd smiten. Dat wie de earste kear dat in atoombom yn in kriich brûkt waard. 80 persint fan de stêd wie mei de grûn lyk makke, wat noch oerein stie wie slim skansearre. It deadetal wurdt tusken de 90.000 en 200.000 minsken rûsd.

De twadde en lêste atoombom dy't yn in kriich brûkt waard foel op Nagasaky.

Yn 1949 waard de stêd wer opboud. Hjoed is Hiroshima in wichtige yndustrystêd yn Japan. Der wenje sa'n 1,18 miljoen minsken en is de alftgrutste stêd fan Japan. It radioaktive strielingsnivo yn de stêd is net heger as op oare plakken yn de wrâld (natoerlike radioaktive strielingsnivo).