Hitlist

(Trochferwiisd fan Hitparade)

In hitlist of hitparade is in list mei dêrop yn ôfrinnende folchoarder de populêrste hits, te witten: de bêst ferkeapjende of meast (op 'e radio) spile singles fan in beskate perioade. Dêrnjonken wurdt ek by in list fan bêst ferkeapjende albums faak fan in hitlist sprutsen. De earste hitlisten geane werom oant it begjin fan 'e tweintichste iuw, doe't bgl. it Amerikaanske tydskrift Billboard eltse wike al in list publisearre fan 'e populêrste lieten út 'e teäters. Yn Nederlân wie de earste hitlist dy fan 'e KRO yn it radioprogramma Uit en Thuis, dat begûn op 3 oktober 1948. De wichtichste hitlisten yn Nederlân binne tsjintwurdich de Nederlânske Top 40, de Single Top 100, de Mega Top 50 en de iTunes Top 30. Yn 'e Feriene Steaten binne de Billboard Hot 100 en de Billboard 200 de wichtichste hitlisten.

Tradisjoneel wiene hitlisten gearstald op basis fan ferkeapsifers út muzykwinkels foar blêdmuzyk, en letter, fan likernôch mids tweintichste iuw ôf, op basis fan 'e ferkeap fan lûdsdragers (grammofoanplaten, kassettebantsjes, cd's). Noch wer letter waard ek airplay deryn belutsen, wat in term is foar it tal kearen dat in liet op 'e radio (of tillefyzje) te hearren west hat. Nei 2000 waard it twifelich oft de neamde manearen om populariteit te mjitten noch wol represintatyf wiene, mei it each op 'e taname fan it downloaden fan muzyk fia it ynternet. Sadwaande ferskynden der ek hitlisten op basis fan it tal downloads, en omtrint 2010 waarden muzykdownloads belutsen yn it gearstallen fan 'e measte hitlisten, wêrby't ien download lykslein waard mei de ferkeap fan in single of album yn 'e winkel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.