Hobbo Lemke
Hobbo Hânses Lemke (Aldeholtpea, 21 jannewaris 1731 - Wier, 8 oktober 1806) wie in teolooch.
Hy wie in broer fan Georgius Lemke en wie predikant te Wier (1806). Hy wie in soan fan Hanso Hendricus Lemke en Alathia (Schotanus a) Sterringa. Hy boaske op 2 april 1769 yn Wier oan Tyttje Johannes Haytsma; se krigen njoggen bern[1].
Lemke skreau ûnder oaren in Verhandeling over de waarzeggerijen, duivelsbezweringen, toverijen en spokerijen (1801). It wurk is hjir te lêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Lemke, Hobbo. |