It Hofgerjocht wie in regearingskolleezje dat yn 1498 oprjochte is troch Albrecht fan Saksen. It Hofgerjocht foarme mei de Hege Rie (foar it bestjoer) de Hofrie. Yn de Hege Rie hienen de Saksyske eallju it foar it sizzen, yn it Hofgerjocht wienen dat de Fryske eallju. Op 3 july 1504 furdige hartoch George fan Saksen de seneamde Statuten en Lânrjochten fan Fryslân út, ek wol 'Saksische Ordonnantie' neamd. Ljouwert waard dêrmei haadstêd fan Fryslân.
Leden fan de Hege Ried, riedsleden fan it Hof, krigen ûnderdak yn de Kânselarij (boud yn 1504).
Yn 1515 naam Karel V Fryslân oer en stelde mei syn steedhâlder teffens in Rie fan bestjoer en Rjochtspraak yn dy’t de namme Hof fan Fryslân krige. Dat Hof fan Fryslân fertsjintwurdige it Sintrale Brusselske Gesach en wie dus mei de steedhâlder it heechste bestjoersorgaan yn Fryslân.
Yn 1578 namen Deputearre Steaten de bestjoerstaken oer.