Hollânske Synagoge

De Hollânske Synagoge is in synagoge fan 'e joadske (otterdokse) gemeente 'Shomre Hadas' yn Antwerpen, Belgje. It gebou stiet oan 'e Bouwmeestersstraat 7 yn 'e wyk ‘t Zuid.

Hollânske Synagoge
Lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
plak Antwerpen
adres Bouwmeestersstraat 7
Arsjitektuer
arsjitekt Joseph Hertogs, Ernest Stordiau
boustyl Moarsk, neoromaansk
Webside
shomre-hadas.be
Kaart
Hollânske Synagoge (Antwerpen)
Hollânske Synagoge

De namme is sa om't de synagoge boud waard foar it neiteam fan joadske ferhûzers út it noarden fan it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen (1815–1830). It wie de earste grutte synagoge yn 'e stêd, dy't neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekten Joseph Hertogs (1861-1930) en Ernest Stordiau (1855-1937) boud waard. Hertogs ûntwurp ek de protestantske Kristustsjerke út 1893 en it Museum Ridder Smidt van Gelder oan 'e Belgiëlei (Antwerpen).

Op 7 septimber 1893 waard de synagoge yn gebrûk nommen.

Hjoed-de-dei wurdt de synagoge allinne op Rosj Hasjana, Jom Kipoer en foar houliken brûkt.

De arsjitektuer fan de synagoge is neoromaansk en moarsk, lykas de midsiuwske synagoges fan Toledo. De romte fan it gebou bestiet út in trijeskippige hal mei in healrûne apsis. Yn de synagoge is in monumintale aron, dêr't de Torah opburgen wurdt.

Tusken 2018 en 2020 waard de synagoge restaurearre. By de restauraasje binne de oarspronklike kleuren fan it ynterieur safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werom brocht.