Holle Bolle Gijs is in figuer út in berneferske dy't un ferskuorrende protte ite koe en dêrnei noch altiten hûnger hie.

Gapjende Gijs
Ferske fan Holle Bolle Gijs yn De Efteling
Heb je wel gehoord van de holle bolle wagen
Waar die Holle Bolle Gijs op zat?
Hij kon schrokken, grote brokken
Een koe en een kalf en een heel paard half
Een os en een stier en zeven tonnen bier
Een schip vol schapen en een kerk vol rapen
En nog kon Gijs van de honger niet slapen!

Der besteane meardere farianten op it rymke. Troch it fantastyske, mar serieus presintearre ferhaal fan Gijs syn fretterigens heart it ferske ta de Nederlânske leagenliteratuer.

Twilling/Mem Gijs

Holle Bolle Gijs yn de Efteling

bewurkje seksje

Holle Bolle Gijs is benammen bekend yn syn rol as jiske-amer yn de Efteling. Dy ropt lûd om iten. Sadree't der ôffal yn de mûle stoppe wurdt, dat mei in loftsûchsysteem wurket, stoppet hy efkes mei roppen of om op te brekken of mei ôf te skiten. Inkele oaren litte in kanûnskûgel knalle of gûle fan de hûnger. In ferâldere eksimplaar stiet tentoansteld yn it Efteling Museum.

Sûnt 1959 wie it wizânsje dat der teminsten 1 Gijs per lyts horekapuntsje yn it park stie. Ek al kamen der yn de rin fan de tiid hieltiten mear horekapuntsjes yn it park, der kamen doch hieltiten minder nije Gijzen yn de Efteling. De lêst tafoege Gijs is Baby Gijs. Yn 2007 is hy nei in ôfwêzichheid fan hast acht jier weromkomd yn it Mearkeryk.

Namme Gijs Lokaasje Iepene Stim Opm.
Boarterstún Gijs In den Hoorn des Overvloeds Anton Pieckplein 1959 Theo Hochwald (1959-1984)
Willem Bruggeling (1984-heden)
Earste en âldste Holle Bolle Gijs
  Wein Gijs Kogeloog tsjinoer Langnek Mearkesbosk 1967 Peter Reijnders
  Baby Gijsje (2) Kindervreugd Marerijk 2007 Marjon Jespers & Nettie Oomen Ferfangt foarige Baby Gijsje (1969 -2000)
  Pake Gijs De Kleyne Klaroen Herautenplein 1970 Ton van de Ven
  Twilling/Mem Gijs Smulpaap Anton Pieckplein 1970 Marjon Jespers & Nettie Oomen Mem sels slokt gjin papier
  Boekanier Gijs De Kombuys De Vliegende Hollander 1973 Ton van de Ven Fan 1973 oant 2015 yn it Mearkesbosk
  Gapjende Gijs In de Gelaarsde Kat Marerijk 1980/1981 Lex Lemmens
  Omke Gijs Max & Moritz Anderrijk 2020 Jeroen Verheij Ferfangt Tiroler Gijs (1988-2020)
  Nylhoars Gijs yn 'e boarterstún Kleuterhof Reizenrijk 2002 Henny Knoet
ferpleatsbere Gijs Gjin fêste lokaasje 1969 Theo Hochwald

Eardere Gijzen yn it park

bewurkje seksje
Namme Gijs Lokaasje Iepene Ofbrutsen/
Sluten
Stim Opm.
  Visje Gijs By de roeiviver 1970 1982 Ton van de Ven Stiet tsjintwurdich as ornamint op 'e Wensboarne
Baby Gijsje (1) By it Kinderspoor & by de Boaterstún 1969 2000 ? Orizjinele Baby Gijsje stiet no yn Efteling Museum
  Tiroler Gijs By de Bob yn it Anderrijk. 1988 2020 Ton van de Ven Yn 2020 in nij tema, stim en namme krigen
  Matroos Gijs De Witte Walvis op it plein efter it Spookslot 1978 2022 Henk Smulders Ofbrutsen tegearre mei it Spookslot en it hoarekapunt
  Inca Gijs by Casa Caracol op Pirañaplein. 1984 2024 Henny Knoet Hjoed de dei net mear yn gebrûk om't der in flater makke is yn it ûntwurp wêrtroch't rommel yn syn strôt hingjen bliuwt.