Efteling

attraksjepark yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân

De Efteling is in attraksjepark yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân, dat leit yn Kaatsheuvel, tusken Tilburch en Waalwyk yn. It hat in fantasytema, dêr't eleminten yn opnommen binne fan âlde myten en leginden, mearkes, fabels en folkloare. Dêropta binne der ek generike attraksjes lykas ferskate achtbanen. De Efteling waard yn 1952 iepene en wie yn it earstoan in natoerpark mei in mearkestún ornearre foar lytse bern. Yn 'e rin fan de tiid is it in alsidich park wurden mei attraksjes foar sawol bern as folwoeksenen. Jiers komme der omtrint 51/2 miljoen besikers op de Efteling ôf. Wat dat oangiet, is it it grutste ferdivedaasjepark fan Nederlân en it op twa nei grutste fan Europa, nei Disneyland Parys en Europa-Park yn Dútslân.[1]

Efteling
  ferdivedaasjepark
Yngong fan it park.
Yngong fan it park.
logo
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Loon op Zand
plak Kaatsheuvel
resort "Wereld van de Efteling"
adres Europalaan 1
koördinaten 51° 39' NB, 5° 2' EL
bysûnderheden
type Temapark
tema mearkes, folkloare, fantasy
eigner St. Natuurpark de Efteling
iepen hiele jier rûn
oerflak 72 ha (park sels)
276 ha ("Wereld van de Efteling")
attraksjes 8
achtbanen 6, wêrfan 2 dûbeld
wetterattr. 2
darkrides 4
wurknimmers >3.000 (2021)
besikers 5,56 miljoen (2023)
netwurk(en) IAAPA
omset € 265,9 miljoen (2022)
winst € 33,9 miljoen (2022)
skiednis
ferneamd nei 16e-iuwske pleats dêre
iepening 1951 (natoerpark)
1952 (mearkesbosk)
offisjele webside
Webstee fan de Efteling
kaart
Efteling (Noard-Brabân)
Efteling
Lokaasje yn Noard-Brabân.

De woartels fan it hjoeddeiske park lizze yn 1935, doe't it "R.K. Sport- en Wandelpark" op 19 maaie iepene waard. De plannen om in sportterrein oan te lizzen ûntstiene yn 1933 en waarden inisjearre troch pastoar De Klijn en kapelaan Rietra. Dit plan is letter útwreide mei in boarterstún en teehûs.

De tentoanstelling "De Schoen '49" yn 1949 wie de oanset ta útwreiding fan it park en der waarden dêrta grutte stikken grûn oankocht. De tagongspoarte foar de tentoanstelling soe noch lang yn gebrûk bliuwe as yngong fan earst it sportpark, en letter de Efteling sels.

Yn 1950 waard de "Stichting Natuurpark de Efteling" oprjochte troch de doetiidske boargemaster fan Loon op Zand, Reinier van der Heijden, tegearre mei de sinast Peter Reijnders en Anton Pieck. Reden foar de oprjochting wie dat de pleatslike ekonomy te bot ôfhinklik wie fan de skuon- en learyndustry. It doel fan de stifting wie: "de lichaamlike ûntwikkeling en ûntspanning fan de ynwenners fan de gemeente Loon op Zand en de befoardering fan it toerisme nei en binnen de gemeente, ien en oar yn katolike geast". Reijnders wie benadere foar de technysk kreative ynfolling. Hy wist Anton Pieck te strikken foar it ûntwerpen fan it Mearkesbosk. Oarspronklik kaam Betty van der Heijden-Perquin, de frou fan oprjochter Reinier van der Heijden, mei it idee fan in mearkestún, lykas de tydlike Mearkestún yn Eindhoven, dy't oanlein wie troch Philips.

Binnen in tiidsbestek fan twa jier waarden de earste tsien mearkes yn it Mearkesbosk realisearre. Stadichoan wie it park ek al yn de jierren fyftich begûn mei it iepenjen fan oare attraksjes. Op 11 maaie 1956 iepene de Efteling de "Stoomcarrousel", de earste grutte attraksje bûten it Mearkesbosk. In oare nijichheid wie yn 1959 "Holle Bolle Gijs": in jiskefet yn de foarm fan in mearkefiguer, dy't hjir hieltyd "Papier! Papier hier!" seit en nei it deponearjen fan rommel "Dankuwel!". Yn it hiele park binne sa 'n tolve Holle Bolle Gijzen te finen. Alline "Inca Gijs" út 1984 is hjoed de dei net mear yn gebrûk om't der in flater makke is yn it ûntwurp wêrtroch't rommel yn syn strôt hingjen bliuwt.[2]

Ien fan de wichtichste persoanen yn de Efteling-skiednis wie ûntwerper Anton Pieck, dy't fan de iepening ôf oant midden jierren santich foar it park wurke. It mearke fan 'e wolf en de sân geitsjes wie it lêste ûntwerp fan syn hân. Hy waard as haadûntwerper opfolge troch Ton van de Ven. Fan de Fen wurke sûnt 1965 by de Efteling en syn wurk behaage Pieck. Syn oanstelling yn 1974 as kreatyf direkteur soe it begjin fan in omslach yn it park ynliede: fuortbreidzjend op de formule fan Pieck, mar hieltyd mear útgroeiend ta in folweardich attraksjepark.

Fan mearkesbosk nei attraksjepark

bewurkje seksje

Koart foar en yn de tachtiger jierren wie sprake fan in kantelpunt yn it belied fan de Efteling. Yn de jierren santich hie it park te krijen mei weromrinnende besikersoantallen en in gruttere konkurrinsje, en om dit op te fangen waard ûnder mear besletten de doelgroep út te wreidzjen. Yn 1978 waard in spûkhûs it "Spookslot" iepene, de earste attraksje dy't folslein fan de hân fan Ton van de Ven wie. Yn 1981 folge de iepening fan de stielen achtbaan, neamd de "Python". Mei syn 750 meter wie it doedestiids de grutste stielen achtbaan op it Europeeske fêstelân. Faasjes oant 85 km/o koene berikt wurde, it heechste punt is 29 meter. De "Python" hat fjouwer saneamde ynferzjes: twa loopings en twa koarketrekkers. Dêrnei folgen de wyldwetterbaan "Piraña" en de bobslydbaan "Bob".

Nei in perioade fol ynvestearringen en fernijingen kearde de Efteling om 1985 hinne werom nei it mearkestema. De grutte attraksje fan 1986 wie de darkride "Fata Morgana", in oanienskeakeling fan sênes yn easterske, Arabyske styl. In jier letter ferskynde in oare attraksje mei in easters tema: de "Pagode", in útsjochtoer mei in hichte fan 45 meter. Ek yn it mearkesbosk waard ynvestearre: dêr ferskynde yn 1988 de "Trollenkoning". Yn 1989 yntrodusearre ûntwerper Henny Knoet de nije maskotte fan it park, de tovernar Pardoes. Yn 1990 krige in oar Eftelingmearke sels in eigen gebiet: sûnt wennet it "Folk fan Laaf", in idee fan Ton van de Ven, yn it "Lavenlaar". Yn de jierren 90 folgen mear attraksjes lykas de achtbanen "Pegasus", en "Vogel Rok", mar ek it "Avonturendoolhof", "Droomvlucht" en "Villa Volta".

Utwreidingen, fernijingen en ferfangingen

bewurkje seksje

Yn 2003 waard it "Anton Pieckplein" fernijd, in projekt fan de ûntwerper Michel den Dulk. Op 15 desimber 2004 iepene it 25ste mearke yn it Mearkesbosk: "It Lytse Famke mei de Swevelstokken", ta gelegenheid fan it twahûndertste bertejier fan de skriuwer Hans Christian Andersen yn 2005.

Nei't Ton van de Ven yn 2003 ôfskie fan it park naam hie, kaam der in ûntwerpôfdieling mei de namme "Design & Development". Ien fan de liedende ûntwerpers yn dit team is Karel Willemen. Yn 2007 iepene de Efteling de attraksje "De Vliegende Hollander" yn it Ruigrijk, in wetterachtbaan. Foar dizze achtbaan moast de kanofiver út 1953 wike. Nei in tematisearre wachtrige en in darkride-part mei ferskillende sênes, wurde de karkes mei in takel de helling oplutsen om dêrnei nei in achtbaan-part de eardere kanofiver yn te dûken.

Op 1 july 2010 iepene de houten achtbaan "Joris en de Draak", in dûbele achtbaan mei in topsnelheid fan 75 kilometer de oere. Joris en de Draak is de opfolger fan de "Pegasus" út 1991, dy 't yn de simmer fan 2009 sloopt waard fanwegen de minne steat en oprinnende ûnderhâldskosten. Midden yn de achtbaan ferriist in goed tsien meter hege draak.

Yn 2015 waard achtbaan "Baron 1898" iepene, yn 2020 folge troch twillingachtbaan "Max & Moritz", dy 't de "Bob" út 1985 ferfong, "Bob" hie lêst fan oanhâldende technyske problemen. En omdat it attraksjetype net mear levere waard, is der in nije achtbaan boud. al is der gebrûk makke fan de gebouwen fan "Bob".

Op 5 septimber 2021 wiene "Monsieur Cannibale" en it njonkenlizzende "Avonturen Doolhof" foar it lêst iepene. "Monsieur Cannibale" soe under druk fan sjoernalisten in yngripende renovaasje ûndergean en op 1 jannewaris 2022 weriepenje as "Sirocco".[3] It "Avonturen Doolhof" ferdwûn en waard ferfongen troch wetterboartersplak "Archipel".

Yn jannewaris 2022 waard bekend makke dat spûkhûs it "Spookslot" nei de simmer fan dat jier sletten wurde soe en tsjin de flakte gie. De attraksje soe boukundich yn minne steat ferkeare. As ferfanger komt der op itselde plak in nije grizelattraksje, "Danse Macabre".

Opbou fan it park

bewurkje seksje

It park is opboud út ferskate riken (rijken):

  • It Marerijk yn it noardwestlike diel fan it park mei ûnder oaren de ferneamde attraksje Droomvlucht en it Mearkebosk (Sprookjesbos).
  • It Anderrijk hat ferskate attraksjes mei frjemde kultueren as tema foarmet it súdwestlike diel fan it park. Ferneamde attraksjes binne de Fata Morgana wyldwetterbaan Pirana.
  • It Reizenrijk leit yn it noardeastlike diel fan it park en foarmet it lytste diel (ryk) fan it park mei attraksjes lykas de Vogel Rok en de Carnaval Festival.
  • It Ruigrijk hat de measte attraksjes foar de grutten en leit yn it súdeasten fan it park. De tsjustere achtbaan De vliegende Hollander en de houten achtbaan Joris en de draak binne dêr ûnderdiel fan.
  • It Fantasierijk mei Efteling Brink, de Pardoes Promenade en Symbolica.

Ferneamde attraksjes

bewurkje seksje
Namme Iepene Opm.
  Stoomcarrousel 1956 De karûsel stamme oarspronklik út 1895
  Piraña 1983 Yn 2024 waard de attraksje renovearre. Net allinne technysk, mar ek waarden de rotspartijen en de dekôrs fernijd. datselde jier waard dúdlik dat de Piraña de langste wyld wetter attraksje fan Nederlân is.[4]
  Python 1981
  Oude Tufferbaan 1984
  Pagode 1987
  Gondoletta 1981
  Droomvlucht 1993 Besikers dy't net rinne kinne, wurde yn in aparte romte pleatst, dêr't se in film fan de attraksje te sjen krije.[5]
  Kinderspoor 1954
  Villa Volta 1996 Besikers dy't net rinne kinne, wurde yn in aparte romte pleatst, dêr't se in film fan de attraksje te sjen krije.[6]
  Vogel Rok 1998
  Diorama 1971
  Fata Morgana 1986
  Stoomtrein 1969
  De Vliegende Hollander 2007 "De Vliegende Hollander" ferfangt yn 2007 de "Kanofiver" út 1953.
  Joris en de Draak 2010 "Joris en de Draak" ferfangt yn 2010 de "Pegasus" in achtbaan út 1991.
  Baron 1898 2015
  Symbolica 2017
  Sirrocco 1988 Hjitte earst "Monsieur Cannibale" mar under druk fan sjoernalisten ferboud ta "Sirrocco" mei Sindbad de Zeeman tema.[3]

Ferdwûne ferneamde attraksjes

bewurkje seksje
Namme Iepene Ofbrutsen Opm.
  Avonturendoolhof 1995 2021 Moast plak meitsje foar in wetterboartersplak, mei de namme "Archipel", mei Sindbad de Zeeman tema.
  Bob 1985 2019 Ofbrutsen om't it ûnderhâld net mear mooglik wie. Ferfongen troch achtbaan "Max & Moritz" werby't de gebouwen fan Bob behâlden binne.
  Kanofiver 1953 2007 Moast plak meitsje foar achtbaan "De Vliegende Hollander"
  Roeiviver 1983 2011 Moast plak meitsje foar de wettershow "Aquanura"
  Pegasus 1991 2009 Yn minne steat. Ferfongen troch achtbaan "Joris en de Draak"
  Spookslot 1978 2022 Yn minne steat. Ferfongen troch "Danse Macabre"
  Polka Marina 1984 2020 Ofbrutsen om't it ûnderhâld te djoer waard.

yn it mearkesbosk

bewurkje seksje
Mearke Iepene Opm.
  Toarnroaske 1952 Yn de winter fan 2023 op 2024 werboud.
  Kabouterdoarp 1952
  De seis tsjinstfeinten 1952 Allinne Langnek, ek wol Lange Hals of Lange Jan neamt, de oare fiif tsjinstfeinten binne as plaatsjes by in hoarekapunt yn it park te finen.
  Readkapke 1953
  Pinokkio 2016
  De reade skuontsjes 1953
  De Trollenkening 1988
  De sprekkende pappegaai 1952 Yn tsjinstelling ta de measte oare mearkes yn it Mearkesbosk is de pappegaai oarspronklik net basearre op in besteand mearke, mar yn de rin fan de jierren hat de Efteling sels in ferhaal by de útbylding betocht dat de titel "It stoute prinseske" draacht.
  Rapûnske 2001
  De Lytse Wetterfaam 1970
  Draak Ljochtrekke 1979 Draak Lichtgeraakt is net ûntwurpen op basis fan in besteand mearke. Yn It Mearkesboek fan de Efteling van Ad Grooten en Gerrie Van Dongen út 2009 is lykwols wol in eftergrûnferhaal by de figuer skreaun. In koarte gearfetting fan dit ferhaal is sûnt 2016 te lêzen yn in mearkeboek dat by de draak pleatst is.
  De Wolf en de Sân Geitsjes 1973
  Hâns en Grytsje 1955 Yn 2024 folslein werboud.
  Frou Holle 1952
  Lytse Boadskip 1952 Net in besteand mearke mar de figuer stelt in kabouter foar dy't, sittend op in sokkel, in konstante wizende beweging nei de húskes makket.
  ezeltsje strekst dy 1956
  Sniewytsje 1952
  De Seis Swannen 2019
  Jiskepûster 2009
Breidskleed fan Genoveva 1952 It breidskleed fan Genoveva is in selsskreaune mearke troch de Efteling. In âlde weefster dy 't in breidskleed weve moast, mar troch har blinens holpen wurde moast troch de dowen.
  De kikkerkening 1952
  De Magyske klok 1952
  De Yndyske Wetterleeljes 1966 De Yndyske wetterleeljes is skreaun troch de Belgyske keninginne Fabiola
  Lyts Tomke 1998
  Oegemantsje 1998
  It Lytse Famke mei de Swevelstokken 2004
  De nije klean fan 'e keizer 2012
  Mearkesbeam 2010
  De Fleanende Fakir 1958
  It Gealtsje 1952/1999 De âlde ferzje iepene as in ienfâldige sjongend fûgeltsje op in tûke foar in muorre, dizze ferzje waard yn 1979 ôfbrútsen en ferfongen troch Draak Ljochtrekke. Yn 1999 waard it mearke op 'e nij yn de Efteling iepene. De nije ferzje toant it paleis fan 'e keizer. It mearke stiet sûnt 1999 op it plak fan 'e eardere siertún.

bûten it mearkesbosk

bewurkje seksje
Mearke Iepene Lokaasje Opm.
  De Bremer Stedsmuzikanten 2003 Anton Pieckplein Fontein
De Kat op Learzens 1999 Mearkesstasjon Wachtet op 'e trein yn it stasjon
  De guozzehoedster 1955 Anton Pieck Plein Fontein
  De rottefanger fan Hamelen 2007 Diorama Miniatuer yn it Diorama
  De gouden goes 1958,
2007
Anton Pieck Plein,
Diorama
Yn de klok op it Anton Pieck Plein, en as minatuer yn it Diorama

De Wrâld fan de Efteling

bewurkje seksje
 
Polles Keuken ien fan de 25 hoarekagelegenheden yn de Efteling (2012)

De Efteling bestiet út mear as it attraksjepark. It hiele kompleks omfettet in teäter, trije hotels, twa fakânsjeparken, in fakânsjeferbliuw foar famyljes mei slim sike bern en in natuergebiet.

Hoareka en winkels

bewurkje seksje

Yn it park binne sa'n 25 hoarekagelegenheden. It oanbod rint útinoar fan grutte en lytse snacks oant snacks en gerjochten fan oer de hiele wrâld. De measte restaurants slute wat oanklaaiïng en assortimint oan op it temagebiet of de attraksje(s) dêr't se yn of by lizze.

Njonken hoarekagelegenheden hat it park meardere sûvenirwinkels. By it entreegebou sit sûnt 1995 de grutste sûvenirshop fan it park, Efteldingen. It grutste part fan de sûvenirwinkels sit yn it Marerijk, dat yn totaal trije fan sokke ferkeappunten herberget. Guon gruttere attraksjes lykas Symbolica, Carnaval Festival húsfestje in lyts winkeltsje by de útgong fan de attraksje. Ferspraat troch it park steane ek sûvenirkarren opsteld. It park biedt de mooglikheid om sûvenirs nei oankeap nei de útgong fan it park, as in by de Efteling hearnende sliepplak bringe te litten.

Efteling Hotel

bewurkje seksje
 
Efteling Hotel (2018)

It húsfestet 124 keamers, 22 temasuites, ferdield oer de tredde oant en mei achtste ferdjipping. It waard yn 1992 iepene, nei ûntwerp fan arsjitekten Theo Spies en Wilco Meeuwis, en befynt him by de splitsing fan de Europalaan yn Kaatsheuvel en de Midden-Brabantwei N261. It gebou moat in Loftkastiel foarstelle.

Efteling Bosrijk

bewurkje seksje
 
It sânkastiel yn Efteling Bosrijk (2012)

Ien fan de twa fakânsjeparken fan de Efteling, lizzend ten súdwesten fan it attraksjepark. Efteling Bosrijk waard op 11 desimber 2009 yn gebrûk naam en biedt op 17 hektare plak oan 1694 gasten. Fan 104 frijsteande húskes of 64 skeakele húskes, 0 groepsakkommodaasjes, en 78 famyljekeamers. Rinnend bist binnen 10 minuten by de haadyngong fan de Efteling, mar moarns rydt der ek in pindeltreintsje lâns in pear opstapplakken. It park is yn it tema fan Klaas Vaak dompele syn Sânkastiel is yn it midden fan it park te finen en faak sels is ek te moetsjen.

Efteling Loonsche Land

bewurkje seksje
 
Efteling Loonsche Land (2018)

Efteling Loonsche Land leit besuden fan it attraksjepark. Efteling Loonsche Land iepene op 31 maaie 2017. It Loonsche Land omfettet sawol in hotel, mei bûten it hotel pleatste temakamers en selsstannige fakânsjewenningen mei in mienskiplike kapasiteit fan tûzen bêden, it park is sa'n acht hektare grut. Yn it haadgebou fan it fakânsjepark is it Loonsche Land Hotel fêstige, mei 75 keamers ferdield oer fiif ferdjippingen. Sawol de hotelkeamers as de de fakânsje wenningen binne bedoeld foar meardere persoanen.

Efteling Grand Hotel

bewurkje seksje

Ein jannewaris begjin febrewaris 2024 begûn de Efteling mei de bou fan in tredde Hotel, It doel wie eins om al yn 2023 te begjinnen mar ien fan de belutsen bedriuwen gie failliet. Der komme 140 keamers, twa restaurants, twa winkels en in swimbad mei spafasiliteiten. It hotel sil yn de rin fan 2025 iepen gean.[7][8]

Villa Pardoes

bewurkje seksje
 
Villa Pardoes fan boppen sjoen (2007)

Villa Pardoes is in fakânsjeferbliuw spesjaal foar slim sike bern mei in faak libbensbedriigjende sykte lykas in spiersykte of kanker en harren famylje, fêstige direkt súd fan de Efteling op Eftelingsestrjitte. Yn de filla kinne tolve famyljes op útnûging in wike ferbliuwe.

De filla is in rûn gebou yn de foarm fan in slak op in blom. Oan wjerskanten fan de yngong binne twa teisters mei ljochtjaande blauwe bollen. Om de yngong hinne binne 5.500 witte bistebyldsjes pleatst, en yn it gebou binne nochris 5.500 fan dy bylden ferwurke. Yn de filla rint in sintrale hal yn in slakkehûsfoarm troch it gebou, oergeand yn de blom, dêr't de tolve ferskillende gasteferbliuwen oan lizze. Elk fan dy ferbliuwen is in selsstannich appartemint, útfierd yn in eigen tema. Villa Pardoes hat fierder noch in grutte mienskiplike romte, in swimbad, in binnen- en bûtentún.

Villa Pardoes is in inisjatyf fan "Stichting Natuurpark de Efteling", en wurdt beheard troch de "Stichting Exploitatie Villa Pardoes". Dy is foar syn ynkomsten folslein ôfhinklik fan de "Stichting Fondsenwerving Villa Pardoes", dy't fia bedriuwssponsoring, aksjes en donateurs it nedige jild ynsammelet. De organisaasje draait foar in grut part op frijwilligers en hat mar inkelde meiwurkers yn fêste tsjinst.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL