De Bremer Stedsmuzikanten
De Bremer Stedsmuzikanten, yn it oarspronklike Dútsk: Die Bremer Stadtmusikanten, is in mearke dat troch de bruorren Grimm optekene waard yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. De titel is in bytsje misliedend, want de "stedsmuzikanten" berikke Bremen nea. Yn 1985 is dit mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is De Bremer Stedsmuzikanten op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.
De Bremer Stedsmuzikanten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Die Bremer Stadtmuzikanten | |
auteur | Bruorren Grimm | |
taal | Dútsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke, fabel | |
1e publikaasje | 1812, Berlyn | |
oarspr. útjwr. | Realschulbuchhandlung | |
bondel | Kinder- und Hausmärchen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Bremer Stedsmuzikanten | |
publikaasje | 1985, Ljouwert | |
útjouwer | Afûk | |
oersetter | Jant Visser-Bakker | |
ISBN oers. | 9 06 27 32 763 |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt mearke ferhellet fan in ezel dy't sa âld en krebintich wurdt dat syn baas him mar nei de slachter ta bringe wol. Mar de ezel kriget dat yn 'e gaten en pykt op 'e tiid út. Hy beslút om nei Bremen ta, dêr't er mei syn moaie stim grif wol stedsmuzikant wurde kin. Underweis moetet er efterinoar in hûn, in kat en in hoanne dy't allegear krekt as hy fan ruten spile hawwe ear't harren minsklike masters harren ôfmeitsje koene. De ezel hellet de oaren ien foar ien oer om mei him nei Bremen ta.
Mar Bremen is in hiel ein fuort, dat se kinne it yn ien dei net berinne. Se binne fan doel en bring de nacht troch yn 'e bosk, mar as se har by in grutte beam deljaan sille, sjocht de hoanne, dy't alhiel nei de top ta fladdere is, yn 'e fierte in ljocht baarnen. De muzikanten beslute om ris te sjen oft se ek ûnderdak krije kinne. It ljocht blykt út in lytseftich hûs middenyn 'e bosk te kommen, dêr't in binde rôvers húsmannet. It finster sit te heech foar har om troch te sjen, mar as de hûn op 'e rêch fan 'e ezel stean giet, de kat de hûn op 'e rêch klimt, en de hoanne nei boppen ta fladderet om op 'e kat syn rêch te balansearjen, kin de hoanne der krekt trochhinne gluorkje. Hy sjocht hoe't de rôvers binnendoar te gast geane oan in ryklik oansette tafel. De muzikanten beslute om op te treden, yn 'e hope dat se as beleanning dan wat fan al dat lekkere iten taparte krije sille, mar harren "muzyk" hat it ûnferwachte effekt dat de rôvers har deaskrikke en foar dat freeslike lûd útnaaie sa hurd as har skonken har drage kinne. Dêrop nimme de muzikanten besit fan it hûs en litte har it iten goed smeitsje, om har dêrnei rêstich del te jaan.
Midden yn 'e nacht komme de rôvers werom en stjoere yn fan harren om te sjen oft de kust feilich is. Hy sjocht by de iepen hurd de eagen fan 'e kat gloedzjen, en mient dat it in pear glodzen yn it hurdstee binne, dat hy hâldt om ljocht te meitsjen de kat in swevelstokje ûnder de noas. De kat hat dêr gjin nocht oan en klaut him yn it gesicht; de rôver stommelet fuort en sil ta de keamer út, mar de hûn, dy't by de doar leit, byt him yn 'e skonk. As er it hûs útflechtet en by de rúchskerne lâns komt, kriget er noch in wâd nei fan 'e ezel, dy't him dêr deljûn hat, wylst de wekker skrokken hoanne, yn 'e hoannebalken, ropt fan "Kukelekú!" As de rôver wer by syn maten komt, seit er dat se sjen moatte dat se hjirwei komme, want der sit in yslike hekse yn it hûs dy't him yn it gesicht klaud hat, en in keardel mei in dagge, dy't him yn 'e skonk stutsen hat, en op it hiem leit in swart meunster, dat him mei in kneppel neisjoen hat, wylst boppe-op it dak in rjochter sit, dy't rôp fan "Hjir dy skarlún!" De rôvers wurde dêr sa spûkbenaud fan, dat se op 'e nij útnaaie en nea wer werom doare. Mar de Bremer stedsmuzikanten bliuwe yn it hûs yn 'e bosk, en libje dêr gelokkich harren libbens út.
Ofwikende farianten
bewurkje seksjeDer bestiet in ôfwikende fariant fan it mearke wêryn't de bazen fan 'e bisten bestellen binne troch de rôvers en sadwaande it ûnderhâld fan 'e fjouwer muzikanten net mear bekostje kinne. Se stjoere dan sels de bisten fuort, en as dy de rôvers fuortjage hawwe, fine se yn it hûs de stellen eigendommen fan harren bazen, dy't se dan werombringe, sadat se wer yn leafde oannommen wurde. Ek besteane der ferzjes wêrby't de fjouwer muzikanten troch teminsten ien wyld bist, gauris in hagedis, holpen wurde om mei de rôvers ôf te weven.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|