Holstein-Friesian
Holstein-Friesian (ek wol Holstein of Friesian cattle) is in swart-bûnt koweras dat wrâldwiid ferneamd is as it kobist mei de heechste molkproduksje. De oarsprong fan it ras leit by ferskate eardere kowerassen út Fryslân, Hollân, Sleeswyk-Holstein (yn noardlik Dútslân) en Jutlân (yn Denemark). Ien fan de foarâlder-rassen wie de Frysk-Hollânske ko.
De HF is slank boud, hieledal rjochte op de molkproduksje. De Holstein-Friesian is grutter as it Frysk-Hollânsk-ras (FH) ras maar hat relatyf folle leger spierweefsel. It hat in hegere molkproduksje, mar de haltes aaiyt en fet binne by de Maas-Ryn-Isel (MRIJ) en FH heger.
Oarsprong
bewurkje seksjeDe Fryske ko soe ûntstien wêze kinne neidat Fryske en Bataafske kij mei elkoar krúst wienen, sa'n 2000 jier lyn. Yn de rin fan iuwen waard de ko in poerbêst molkras.
De Nederlânske ko wie yn de 19e iuw populêr yn it bûtenlân fanwege har hege molkproduksje. Yn de Feriene Steaten waard mei Nederlânske kij fierder fokt. Dy kij krigen de namme Holstein-Friesian (de Holsteiners wienen ynbrocht troch Dútske emigranten yn de 17e iuw). Twadde helte 20e iuw waard it neiteam fan de Nederlânske kij oanhelle yn Nederlân, omdat sy wilens mear molke joegen as de Nederlânske rassen MRIJ en FH. Sûnt is de swartbûnte Holstein-Friesian it fierwei wichtichste koweras yn Nederlân.
Skaaimerken
bewurkje seksje- Gewicht: sa'n 600 oant 750 kg
- Bertegewicht fan in keal: 40 oant 45 kg (soms noch mear)
- Skofthichte: sa'n 1,45 m (hinget oer nei heger)
- Molkproduksje it jier: sa'n 8.000 kg (10.000 oant 16.000 kg/jier by topbisten)
- Molke: 4,2 % fet en 3,4 % aaiwyt de liter (by hege molkproduksje kinne de persintaazjes wat leger wêze)
Genen
bewurkje seksjeDe ûndersteande tabel jout de ynternasjonaal erkende resessive genen foar Holstein Friesian
Namme | Folsleine namme | Koade | Ekspresjekoade | Type |
BLAD | Bovine Leucocyte Adhension Deficiency | BL | BLC / BLF | Resessyf |
DUMPS | Deficiency of Uridine Monophosphate Synthase | DP | DPC / DPF | Resessyf |
BLACK/RED | Swart / Read | BR | BRC | Resessyf |
CVM | Complex Vertebal Malformation | CV | CVC / CVF | Resessyf |
MULEFOOT | Evenhoevichheid | MF | MFC / MFR | Resessyf |
RED FACTOR | Read Faktor | RF | RFC / RFF | Resessyf |
Polled | Hoarnleazens | P | P | Dominant |
Arachnomely | Spinnepoat | A | noch net witten | Resessyf |
brachyspina | brachyspina | BR | noch ûnbekend | Resessyf |
De ekspresjekoade bestiet út de koade plus in letter. Dat kin in F (test en gjin drager) of in R (test en wol drager) wêze.