Homo ergaster
Homo ergaster, is in útstoarne minskesoarte dy't yn deselde tiid libbe as Homo erectus en dêr ek in protte op like. Homo ergaster libbe yn it iere Pleistoseen tusken 1,9 oant 1,4 miljoen jier (Ma) lyn. Fynsten fan de soarte binne dien yn Koobi Fora (Kenia, East-Afrika) en Swartkrans (Súd-Afrika).
Namme
bewurkje seksjeDe namme ergaster komt fan it Grykske wurd εργαστηρ dat 'wurker' betsjut. De soarte hat dy namme krigen fanwege it fjoerstiennen ark dy't by de fossilen fûn binne.
Skaaimerken
bewurkje seksjeHomo ergaster wie nei alle wierskyn 1,80 m. lang.