Horst-Janssen-Museum
It Horst-Janssen-Museum is in museum yn de Dútske stêd Aldenboarch (Nedersaksen), dat wijd is oan de Dútske keunstner Horst Janssen (1929-1995). It museum waard yn 2000 iepene.
It Horst-Janssen-Museum is wijd oan it mânske oeuvre fan de keunstner, yllustrator en skriuwer Horst Janssen, dy't tekene, etste, stiendrukken makke en houtfike.
De basis fan de fêste kolleksje fan it museum waard nei Janssen syn dea yn 1995 lein mei it keapjen fan 1800 wurken út de Janssen-samling fan Carin- en Carl Vogel dy't mei Janssen befreone wiene. Janssen studearre earder oan de keunstakademy yn Hamburg dêr't Carl Vogel direkteur fan wie.
It museum bringt trije oant fjouwer wikseleksposysjes it jier, dy't spesjale kanten fan Janssens keunstnerskip beljochsje en wurk fan besibbe keunstners toane. Wurk fan Janssen dat net útstald is, kin op ôfspraak yn i aparte romte besjoen wurde.
It museum hat teffens in bibleteek fan sa'n 25.000 keunstboeken. Part dêrfan hat as spesjalisme it wurk fan Janssen.