Hosannah Harlingen
kristlike muzykferiening
De Hosanna Harlingen is in kristlike muzykferiening oprjochte yn 1925 yn Harns.
Hosannah Harlingen | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
bestean | sûnt 1925 |
Inisjatyfnimmer ta de oprjochting wie D. v.d Wal. De muzykferiening krige earst de namme Harlingen. Letter, yn 1932, feroare de namme yn Hosanna, omdat men doe fûn dat dit better by in kristlike muzykferiening paste. Ynearsten waard begûn mei 16 leden, mar dat rûn al gau op nei 30. Yn de Twadde Wrâldoarloch, yn 1942, hat de feriening in skoft ûnderdûkt west, om reden dat men de troch de Dútser forskreaune muzyk net spylje woe.
Yn 2000 bestie Hosanna 75 jier. Anno 2007 bestie Hosanna noch altiten as showband. Dêrneist ha se ferskate ûnderdielen: in jeugd-malletband, Algemiene Muzikale Foarming en in fjouwertal majorettepelotons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |