Hotel Oostergoo is in hotel-kafee-restaurant yn Grou en wurdt wol it âldste hotel fan Fryslân neamd. Yn 1857 boude Jan Sjoerds van Straalen, skuonmaker en kastlein fan in kofjehûs op Boonstra's hoeke in loazjemint dat yn 1858 iepen gie. Der wurdt yn dy tiid skreaun dat it hast mei beide sydmuorren yn it wetter stiet, mei in smel paadsje der nêst. Yn dy begjinjierren wie de namme Water en Veldzigt.

Hotel Oostergoo
Hotel Oostergoo

Yn 2010 ferskynde it jubileumboek Hotel Restaurant Oostergoo 150 jaar'. Hjiryn wurde alle eigeners neamd en wat feiten. Sa liet it hotel yn 1932 in eigen servys meitsje. Sa hâldt de sylferiening Oostergoo hjir al sûnt 1868 har jierlikse Algemiene Jierfergadering. Yn de gasteboeken komme ûnder oaren foar: keninginne Wilhelmina, en har man prins Hendrik en harren dochter Juliana yn 1917. Keninginne Beatrix stuts hjir oan by de reüny fan Rûne en Platboaiemjachten yn 2005. Oare bekende gasten wienen fuotballers Marco van Basten, Ruud Gullit (1992) en de kabaretier Herman Finkers (1986).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: