Hottinga State (Wommels)

Eardere stins of state yn Fryslân

Hottinga State stie noardwestlik fan Wommels oan de oare kant fan de Boalserter Trekfeart yn de destiidske gemeente Hinnaarderadiel. De stins (of state) wurdt al yn de 15e iuw neamd.

Hottinga State, tekene troch Jacobus Stellingwerf (1722)

De Hottinga's wiene de wichtichste famylje yn Wommels en sy hearden by de Skieringers. Dat smiet nochal wat striderij op mei de Donia's fan Easterein en Boalsert, om't dy twa partij keazen hiene foar de Fetkeapers. Boalsert die útfallen nei Wommels en de Hottinga's op harren beurt fermoardzje Agge Donia yn 1491 en baarnden syn stins plat. De Skieringers sochten stipe by de Saksyske troepen, wylst de Fetkeapers stipe fûnen by de Geldersken. Dat hie fan gefolgen dat de Geldersken de Hottinga State belegeren. Sy brûkten bussen (histoaryske kanonnen) en koene de stins ynnimme. Earst yn 1524, nei de machtsoername troch keizer Karel V, koe Jarich fan Hottinga wer weromkomme nei syn foarâlderlik hûs.

De Hottinga State wie yn de 16e en 17e iuw nei alle gedachten de wichtichste stins, omdat de famylje Hottinga yn dy tiid in soad macht hie. Trochdat se letter skulden krigen, moasten se de state yn 1654 ferkeapje, mar dy bleau noch wol yn de famylje. Fan 1654 oant 1695 waard de state bewenne troch de famylje Grovestins, dy't yn dy tiid grytmannen levere (1639-1706), ûnder oaren Edzard fan Grovestins.

Fan 1695 ôf wenne Gerardus Hixenius op de state. Hy wie âld-majoar yn it Fryske Rezjimint te Wytmarsum, doe 't er yn 1695 Hottinga State fan Edzart Oenes Sirtema fan Grovestins kocht. Yn 1708 wie Hixenius ûntfanger. Gerardus wie by de keap fan de State al foar de twadde kear troud: yn 1687 troude hy mei Catarina fan Rosema, nei alle gedachten in dochter fan ûntfanger-generaal Jacob Jilderts Rosema en Trijntje Cleveringa, dy 't op Rosema State yn Kollum wennen. Catarina is al foar 1692 ferstoarn, want op 28 augustus 1692 troude er nammentlik mei Uilckjen Stania, dochter fan dûmny Stania en Uilkje Algra. It pear krige teminsten tolve bern, wêrfan 't de soannen Balthasar, Augustinus en Nicolaas offisier yn it leger wurde, wylst Jacobus sekretaris wurdt. Omdat Gerardus noch op de tekening fan Stellingwerf neamd waard, sil er earst nei 1722 ferstoarn wêze, mar syn stjerdatum is net bekend. Hy waard opfolge troch syn soan Balthasar, dy't it sels slagge luitenant-kolonel te wurden. Balthasar bleau nei alle gedachten frijfeint en ferstoar yn 1763. Troch syn erfgenamten waard de State yn 1764 op ôfbraak ferkocht.

  • 1447 Epa Kee
  • sa 1450 - 1475 Jarich Epes Hottinga, troud mei Swob Douwesdr. Sjaerdema
  • 1475 - 1537 Here Jarichs Hottinga (soan), troud mei Tjets Harinxma thoe Heeg
  • 1524 - 1528/1541 Jarich Heres fan Hottinga (soan), troud met Eelck fan Heslinga
  • sa 1550 - 1604 Douwe Jarichs fan Hottinga (soan), troud mei Luts fan Herema
  • sa 1600 - 1638? Douwe Douwes fan Hottinga (soan), troud mei Habel Offenhusen
  • 1638? - 1654 Rieme Douwesdr. fan Hottinga (soan), troud mei Borchard van Assuede
  • 1654 - sa 1686 Idske van Hottinga (nicht, keap), troud mei Oene Idzarts van Grovestins
  • sa 1685 - 1695 Edzart Oenes Sirtema van Grovestins (soan), troud met Orsel van Burmania
  • 1695 - nei 1722 Gerhardus Hixenius (keap), troud mei Uilckjen Stania 1729 - 1763 Balthasar Hixenius (soan, frijfeint?)
  • 1764 Foar ôfbraak ferkocht


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: