Hugo de Groot
Hugo de Groot (Delft, 10 april 1583 – Rostock, 28 augustus 1645), ek wol bekend as Huig de Groot of Hugo Grotius, wurke as jurist yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan it ynternasjonaal publykrjocht. Dêrneist wie De Groot skriuwer, filosoof en teolooch.
De Groot skreau Latynske trageedzjes en gedichten, teologyske ferhannelingen en Nederlânske gedichten. Syn wichtichste wurken lizze op histoarysk en juridysk mêd. Syn ferneamdste wurk is De iure belli ac pacis ('Oer it rjocht fan oarloch en frede') út 1625. Dat wurk is de basis foar it moderne folkerjocht. Hugo de Groot is ek ferneamd fanwege syn pleit foar de frij tagonklike see (en de frijhannel), it Mare Liberum (1609), dat earst yn 1864 weromfûn en publisearre waard. Rjochtsskiedkundigen fan no beskôgje Grotius as ien fan de grutste juristen ea. Grotius hat in ymminske ynfloed op it ynternasjonaal publykrjocht útoefene, syn ideeën oangeande de seefeart bygelyks oerhearskje noch in grut part fan it hjoeddeiske seerjocht. Yn it generaal wurdt oannaam dat Grotius it Vernunftrecht bepleite, mar dat is in misfetting, meidat it rjocht by him noch net autonoom is en it noch net los stiet fan God. Hy doar de stap nei in autonoom natuerrjocht net te setten, meidat soks betsjutte koe dat God net bestean soe. Faaks mei er lykwols wol beskôge wurde as in foarrinner fan de grutte natuerrjochttinkers.
Mei jonge jierren skreau er de Annales et historiae de rebus Belgicis. fan mear histoarysk belang dan dy Nederlantsche Jaerboeken en Historien wie syn boek oer de Oudheyt vande Batavisch nu Hollandsche Republique. Dêr lit De Groot yn sjen dat de Steaten altyd al soeverein west hawwe. Histoarysk besjoen is dat stânpunt fan De Groot ûnhâldber, mar syn ferhanneling, dy't de Steaten fan Hollân fansels wol noaske, hat betsjutting krigen meidat de Steaten fan Hollân, at it om har posysje gie, har op De Groot berôpen.
Hugo de Groot boaske 1608 oan Maria fan Reigersberch (1589?-1653). Sy krigen trije soannen en in dochter. De twadde soan Pieter wie ek rjochtslearde en letter ek pinsjonaris fan Rotterdam.
As neitins oan de Groot stiet in grut stânbyld op it grutte merkplein yn Delft.
Wichtige wurken
bewurkje seksje- Mare Liberum (1609)
- De iure belli ac pacis (1625)
- De veritate religionis Christianae (1627)
- Inleydinge tot de Hollantsche rechtsgeleertheit (1631)
- Via ad pacem ecclesiasticam (1642)
- Annales et historiae de rebus Belgicis (útjûn yn 1657)
- De Jure Praedae (manuskript De Indis ferskynd yn 1604-05, útjûn as De Jure Praedae yn 1868)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Hugo de Groot en syn rjochtsfilosofy (H. Bertens, Projekt Gutenberg)
- Busken Huet - het land van Rembrand
- Jan Romein en Annie Romein-Verschoor, Erflaters van onze beschaving
- Hugo de Groot: Latynske poëzy
- Hugo de Groot: Nederlânske poëzy
- Twa Latynske disputaasjes fan Hugo de Groot (14 jier âld) oan de Universiteit Leien
- Oer de flechtrûte fan Hugo de Groot fan Loevestein nei Antwerpen
- Huygh de Groot syn Vrye zeevaert, ofte Bewijs van't recht dat de inghesetenen deser geunieerde landen toecomt over de Indische coop-handel (Universiteitsbibleteek Utert)
- Ynlieding ta de Hollandsche rechts-geleertheid 2den dr. 1631 (Universiteitsbibleteek Utert)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hugo de Groot fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en mear, sjoch ûnder: Hugo_de_Groot_(rechtsgeleerde) |