Hugo fan de Elzas

Hugo (om 855 hinne - Abdij fan Prüm 895 wie in ûnwettige soan fan kening Lotarius II en syn frijster Waldrada. Nettsinsteande it besykjen fan syn heit, krige hy net syn keninkryk, mar krige yn 867 it Hartochdom Elzas yn lean fan Loadewyk de Dútser.
Lotarius II gie yn it foarjier fan 869 nei paus Adrianus II ta yn de hope tastimming te krijen en skied fan syn frou Teutberga. Dat houlik wie him eins opkrongen. De paus stie de skieding ta. No koe syn ferhâlding mei Waldrada en harren bern offisjeel erkend wurde, mar op de weromreis waard er slim siik oan malaria en ferstoar yn de âldens fan 34 jier.
Yn 877 besocht Hugo foar it earst syn erfenis te krijen. Nettsjinsteande stipe fan de Loataringske adel slagge him dat net. Paus Johannes VII die him yn 878 yn de ban. Doe't syn neef Loadewyk de Stammerder, kening fan West-Frânsje, yn 879 ferstoar, besocht er de macht yn Loataringen nei him ta te lûken. Teutbald, dy't boaske wie mei Hugo syn suster Berta, waard de wichtichste fjildhear fan de opstannelingen. Yn de Annales Fuldenses waard hy in tiran yn Galje neamd. Dat koe wêze om't er de opfolging troch de soannen fan Loadewyk, Loadewyk III fan Frankryk en Karloman fan Frankryk, yn West-Frânsje en fan Bosso yn de Provâns. Loadewyk de Jongere, de soan fan Loadewyk de Dútser, kaam Loadewyk III en Karloman te help. Yn 880 fersloech er Hugo by Ferdun en baarnde syn kastiel ôf.

Op peaske, 23 april 882, joech Loadewyk de Jongere Hugo de Elzas yn lien, mar nettsjinsteande kaam er yn opstân. Hugo sleat in fredesferdrach mei Godfryd de Wytsing, dy't doe hartoch fan Fryslân wie, en as part fan it ferdrach boaske Hugo syn suster Gisela mei Godfryd. Hugo syn neef, greef Witbert (in soan fan Lotarius II syn suster), hie Godfryd holpen in wichtige posysje te krijen yn de Fryske lannen. Lotarius hie Witbert as pleechsoan oannaam, dus Hugo en Witbert wiene meiïnoar opwoeksen. Yn 883 hie Hugo it grutste part fan de Loataringske adel efter him krigen en mei Godfryd syn help besocht er syn heit syn keninkryk werom te krijen. Yn 885 kaam keizer Karel de Grouwe efter it komplot fan Hugo en Godfryd. Hy stjoerde Hindrik fan Babenberch nei de Fryske lannen om harren te pakken. Godfryd waard mei help fan Friezen en Saksen fermoarde en Hugo waarden syn eagen útpjukt. Hugo waard dêrop nei de Abdij fan Sint-Gallen yn stjoerd, dêrnei nei de Abdij fan Fulda en einlings nei de Abdij fan Prüm. Dêr ferstoar er in pear jier letter en waard krekt as syn pake, Lotarius I, bysetten yn de abdijtsjerke.