Annales Fuldenses
De Annales Fuldenses binne Frankyske annalen oer it tiidrek 840 oant 901, ôfkomstich út 'e abdij fan Fulda. De annalen binne gearstald troch meardere skriuwers.
De annalen fan Fulda foarmje in fuortsetting fan 'e Annales Regni Francorum. Hja kinne ûnderferdield wurde yn trije parten. It earste part omfiemet it tiidrek 714 oant 838 en is gearstald troch Einhard. It twadde diel bestrykt it tiidrek 838 oant 864. Dat part is skreaun troch Rudolf fan Fulda. It tredde diel, 864 oant 882, is fan de hân fan Meinhard. Nei 882 wurde de annalen yn twa ferzjes fuortsetten: de Mainzer fuortsetting en de Beierske fuortsetting. Krekt as de oare annalen út it Frankyske tiidrek foarme hja in wichtige histoaryske boarne, dy't lykwols net altyd objektyf is, mei't hja skreaun binne fan it eachpunt fan de hearskjende foarsten út.
Yn 1992 publisearre oersetter Klaas Bruinsma fragminten út 'e Annales Fuldenses dy't troch him yn it Frysk fertaald wiene yn it tydskrift De Neitiid (junynû., s. 26-31), ûnder de titel Ut de "Traditiones Fuldensis": Beskriuwing fan de Ynkomsten út Fryslân ûnder de Abt Hadamarus.