Hüsem

(Trochferwiisd fan Husum)

Hüsem (Dútsk: Husum) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Hüsem wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2020 23.249.

Hüsem
Husum
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein.
Kreis Noard-Fryslân
Boargemaster Rainer Maaß (SPD)
Sifers
Ynwennertal 23.249 (2020)
Oerflak 25,82 km²
Befolkingsticht. 900 / km²
Hichte 14 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
www.husum.org – Webside fan de stêd Husum
Lokaasje Hüsem
Hüsem yn 1598
Twatalich boerd (Dútsk - Noard-Frysk) fan de plysjedireksje yn Hüsem

De namme Hüsem wurdt yn 1409 foar de earste kear brûkt.

De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. De Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren mar de Friezen wegeren dat. Abel besleat om de Friezen oan te pakken, en stoar yn de striid by Husembro (Hüsembrêge).

Lykas de measte plakken oan de Noardsee, is Hüsem en omkriten ek tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grote Mandrenke[1], strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte. Dêrfoar lei Hüsem net oan de kust. De stêd die syn foardiel dêrmei en waard in merkplak dat ta in grutte ekonomyske opgong late.

Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Hüsem bot en waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Hüsem) and Wester-Husum (West-Hüsem).

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn 1940 waarden ferskate ûnderdielen fan de kriichsmacht fan nazy-Dútslân yn en om Hüsem legere; der wie ûnder oare in militêr fleanfjild (in Fliegerhorst), in kazerne fan de Kriegsmarine en in offisiersoplieding (Kriegsschule).

It 5 km noardeastlik fan de stêd lizzend kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing), yn de gemeente Schwesing, wie fan septimber oant ein desimber 1944 in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme. De finzenen moasten ûnder tige swiere omstannichheden en faak slein troch sadistyske kampbewakers yn taaie klaaigrûn allinne mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de "Friesengraben", oanlizze. [2] Doe 't ein 1944 dizze tankgrêft militêr-strategysk nutteleas bliken dien hie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne nei skatting 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (' Haus der Gegenwart ' ). Yn maaie 1945 waard de kazerne oan de Britske besettingstroepen oerdroegen.

Hüsem leit oan de Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.

De wichtichste stedsdielen fan Hüsem binne:

  • Innenstadt
  • Nordhusum
  • Porrenkoog
  • Osterhusum, Osterhusumfeld
  • Altstadt
  • Norderschlag
  • Dreimühlen
  • Rödemis
  • Fischersiedlung
  • Neustadt
  • Gewerbegebiet Ost
  • Kielsburg
  • Rosenburg
  • Schobüll
  • Halebüll
  • Hockensbüll
  • Lund
Jier Ynwenners
1769 3.384
1864 5.000
1871 6.500
1875 6.913
1885 7.600
1895 8.900
1905 10.800
1914 10.000
Jier Ynwenners
1933 13.380
1950 24.867
1961 23.813
1970 24.963
1997 21.277
2000 22.611
2001 22.579
2002 22.489
Jier Ynwenners
2003 22.493
2004 22.492
2005 22.544
2006 22.362
2007 22.327
2008 22.212
2009 22.216
2010 22.084
Jier Ynwenners
2011 22.135
2012 22.092
2013 22.053
2014 22.215
2015 22.430
2016 23.097
2017 23.274
2018 23.158
  • It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm.
  • It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen.
  • It Schloss vor Husum kin yn de König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde.
  • Skipfeartmuseum.
  • It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútske iepenloftmuseum
  • It Poppenspäler Museum hat poppeteäter as tema.
  • Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527.
  • Theodor-Storm-Skoalle

Middelbere skoallen

bewurkje seksje
 
Deenske skoalle, Hüsem
  • Gesamtschule Husum-Nord
  • Ferdinand-Tönnies-Skoalle
  • Husum Danske Skole (Deenske skoalle)

Basisskoallen

bewurkje seksje
  • Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan de âldste legere skoallen fan Dútslân.
  • Boargerskoalle
  • Klaus-Groth-Skoalle
  • Bornskoalle yn Schobüll

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oantsjutting foar de stoarmfloeden fan 1362 en 1634
  2. Sjoch ûnder oare: Frank Krake: " De laatste getuige. Biografy fan in Amsterdammer, Wim Alosery, dy't as jongfeint û.o. de konsintraasjekampen Neuengamme en Husum-Schwesing, en ek noch de skipsramp fan de Cap Arcona oerlibbe. Utj. Achtbaan, 2018. ISBN 978 90 824 7641 5
  3. Riewerts, (1969)
  4. Riewerts, (1969)
  5. (ADB). Bd. 1