Hijke Adriana (Hyke) Koopmans (Akkrum, 28 juny 1924 - Bunnik, 22 augustus 2010) wie in Frysk byldzjend keunstner dy't aktyf wie as tekstylkeunstner en galeryhâlder. Dêrneist wie hja aktyf as wever en dosint.

Hyke Koopmans
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hyke Koopmans
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 28 juny 1924
berteplak Akkrum
stoarn 22 augustus 2010
stjerplak Bunnik
wurkpaad
wurksum as galeryhâlder, tekstylkeunstner

Troch de oarloch koe Koopmans net studearje. Troch selsstúdzje learde hja harsels it weven oan. Koopmans is oplieden oan it "Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs"yn Amsterdam. Se wurke yn Amsterdam en as galeryhâlder fan galery en hânweverij "Het Kapelhuis" yn Amersfoort. Dêrneist joech se les oan de keunstakademy yn Amersfoart.

De galery foar tapaste keunst krige yn 1985 in ûnderskieding fan de "Stichting Françoise van den Bosch" foar de befoardering fan de belangstelling foar it hjoeddeiske sieraad.[1]

Yn de galery waarden eksposysjes makke mei wurk fan sieraadûntwerpers en edelsmidten as Gijs Bakker, Nicolaas van Beek, Françoise van den Bosch, Jo Citroen, Archibald Dumbar, Joke Gallmann, Marion Herbst, Emmy van Leersum, Riet Neerincx, Anneke Schat, Robert Smit en Chris Steenbergen. De galery droech sa by oan de ûntwikkeling en de erkenning fan it fak sieraadûntwerper.

Koopmans ûntwurp ûnder mear (klean)stoffen. Fan 1950 oant har dea libbe hja mei Margje Blitterswijk. Blitterswijk hie mei Hyke Koopmans it hânweefatelier 'Kunst in het Ambacht'.

Bibliografy (karút)

bewurkje seksje
  • Koc (2003) Galerie Kapelhuis: dertig jaar vernieuwing in de toegepaste kunst 1960-1990.
  • Sieraad 1975 (1975). Amersfoort: galery Het Kapelhuis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It meastepart fan dizze side is in oersetting fan de Nederlânske Wikipedia hjir