Hymne (gedicht fan Edgar Allan Poe)
Hymne, yn it oarspronklike Ingelsk: Hymn, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It bestiet út sechstjin fersregels, en foarme in ûnderdiel fan Poe syn koarte ferhaal Morella, as in liet dat troch de haadpersoan mei deselde namme songen waard. Morella (en dêrmei dus Hymn) waard foar it earst publisearre in april 1835, yn it tydskrift The Southern Literary Messenger. Yn augustus 1846 waard it gedicht los fan it ferhaal werpublisearre ûnder de titel A Catholic Hymn, yn it tydskrift The Broadway Journal. It waard úteinlik opnommen yn 'e bondel The Raven and Other Poems, dêr't it út mar ien oergrut kûplet bestie. De tsjintwurdige namme is ûntliend oan in eksimplaar fan dyselde bondel dy't Poe nei Sarah Helen Whitman, in goekunde fan him, ta stjoerde, en wêryn't er it wurd Catholic yn 'e titel trochskrast hie. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.
Hymne | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Hymn | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1835 | |
bondel | The Raven and Other Poems | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Hymne | |
publikaasje | 2008, yn HJIR | |
oersetter | Herman Peenstra |
Ynhâld
bewurkje seksjeHymn hat de foarm fan in gebed oan 'e Faam Marije, wêryn't hja tanke wurdt foar it ferhearren fan 'e eardere gebedens fan 'e ik-persoan, en dêrnjonken oanroppen wurdt om soarch te dragen foar in blinkende takomst.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan Hymn ferskynde yn 2008 ûnder de titel Hymne yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Herman Peenstra.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Hymn op Wikisource
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |