Ida Psiloritis
De Ida Psiloritis (ek wol Ida of Psiloritis; Gryksk Ψηλορείτης psèloreitès, 'heechste') is mei 2456 meter de heechste berch op it Grykske eilân Kreta. De berchtop leit yn it Idaberchtme, yn it departemint Rethimnon. Hy leit 35 kilometer fan de Minoyske opgraving Knossos en der waard yn de âldheid goud, koper en izer wûn. Afrodite en Seus waarden hjir teffens ferearre; de lêste soe yn in grot op dizze berch fieden wêze doe't er noch in lytse poppe wie.
De Ida stekt trije meter boppe de top fan de Pachnes út, in berch yn de Lefka Ori yn it westen fan Kreta.