Inkeltal

(Trochferwiisd fan Iental)

Inkeltal, inkelfâld of iental, of mei fan oarsprong Latynske termen simpleks of singularis, is in begryp út 'e grammatika wêrby't in utering fan taal mar yn ien eksimplaar foarkomt (of wêrby't it oantal net fan belang is). Inkeltal is dêrmei de meast algemiene foarm fan it taalkundige getal. Om't dingen yn 'e measte talen útdrukt wurde troch it gebrûk fan haadwurden, is it inkeltal in ferskynsel dat yn it foarste plak yn 'e foarm en/of betsjutting fan sokke haadwurden ta útdrukking komt. Yn it Frysk binne haadwurden as 'minske', 'doarp' en 'stjer' bgl. yn it inkeltal steld.

Dêrnjonken wurde inkeltalsfoarmen ek oantroffen yn wurden dy't har nei sa'n haadwurd rjochtsje (eigenskipswurden: 'in moai doarp') en yn wurden dy't yn it plak fan it haadwurd komme (foarnamwurden: 'hy sit dêr'). Sadwaande wurde hiele sinsdielen yn it inkeltal ferbûgd as it byhearrende haadwurd in inkeltalsfoarm hat. Dat ferskynsel, dat yn in grut tal talen foarkomt, hjit oerienkomst yn getal, en it uteret him benammen yn 'e ferbûging fan tiidwurden ('it doarp is moai').

Lykwols kenne net alle talen it taalkundige getal, en wêr't soks net foarkomt, hat it ek gjin sin om fan 'inkeltal' te sprekken, mei't inkeltal allinnich bestean kin as der ek meartal is. De measte talen dy't it taalkundich getal wól hawwe, omfetsje, lykas it Frysk, allinnich inkeltal en meartal. Dêrby is it inkeltal de ûnmarkearre oftewol de 'gewoane' foarm, en is it meartal in ferbûging fan it inkeltal. Guon talen hawwe njonken dizze beide foarmen noch it dûbeltal en/of ferskate mear omstriden getalsfoarmen. Yn it Frysk en oanbesibbe talen hawwe persoanlike foarnamwurden en tiidwurden yn 'e inkeltalsfoarm trije persoanen:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.