Ierdappelspindelknolfiroïde

De ierdappelspindelknolfiroïde (systematyske namme: Potato spindle tuber viroid, standert ôfkoarting: PSTVd) is in firoïde dat slim skealik wêze kin foar planten en plantaardige produkten, benammen tomaten en ierdappels.

Ierdappelspindelknolfirioïde wie it earste firoïde dat ûntdutsen waard. It is ûntdutsen troch Theodor Diener yn 1971.

Waardplanten

bewurkje seksje

Bekende waardplanten fan PSTVd binne ierdappel, tomaat, pepino, paprika en avokado.

Sykteferskynsels

bewurkje seksje

Yn tomaten feroarsaket PSTVd in earnstige groeifermindering. By de ierdappel feroarsaket PSTVd groeifermindering en misfoarme knollen.

Fersprieding

bewurkje seksje

Yn de Jeropeeske Uny is PSTVd mar ynsidinteel oantroffen. Binnen de Jeropeeske Uny is PSTVd in karantêne-organisme om foar te kommen dat de sykte him yn de Jeropeeske Uny festiget. Besmette partijen wurde standert ferneatige.

Yn novimber 2006 wiene der by inkelde kwekers yn it westen en suden fan Nederlân besmettings oantroffen by de sierplanten (Brugmansia) en Klimmende hûnebei (Solanum jasminoides). Fan 28 oktober oant 24 desimber 2006 gou yn Nederlân in ferfiersferbod foar dy planten, om de Plantesyktekundige Tsjinst fan it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit de gelegenheid te jaan de fersprieding fan it firoïde yn dy gewaaksen te ûndersykjen. Yn it ferline is de firoïde in pear kear yn de Nederlânske tomatetylt oantroffen.

 

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: