Ierdkleurige mûs
De ierdkleurige mûs (wittenskiplike namme: Mus terricolor) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt yn dielen fan Yndia, Nepal, Pakistan en Banglades. Teffens libbet er yn Yndoneezje, yn it noardlike diel fan it eilân Sumatra, dêr't er nei alle gedachten in eksoat is dy't der ûnopsetlik troch de minske yntrodusearre is. In alternative (synonime) wittenskiplike namme foar dizze soarte is Mus dunni, mar de oantsjutting Mus terricolor is âlder.
ierdkleurige mûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mus terricolor | ||||||||||||
Blyth, 1851 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe ierdkleurige mûs is nau besibbe oan 'e lytse Yndyske fjildmûs (Mus booduga) en wurdt dêr soms mei betize. Ierdkleurige mûzen binne brunich fan kleur, mei in grize bealch. De boppekjiftosken binne frij rjocht. Se hawwe in kop-romplingte fan 5⅔-7 sm, mei in sturtlingte fan 5½-6⅔ sm en in gewicht fan likernôch 11 g. De wyfkes hawwe tsien oeren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |