Ierske Hongersneed (1845-1852)
De Ierske Hongersneed, Grutte Ierske Hongersneed of Ierske Jirpelhongersneed (Ingelsk: Irish Famine, Great Famine, of Potato Famine, Iersk: An Gorta Mór) is de perioade fan slimme fiedselkrapte dy't Ierlân tusken 1845 en 1852 rekke.
De oarsaak fan de hongersneed wie yn 't foarste plak de ierdappelsykte (Phytophthora infestans).[1] De ierdappelsykte ferwoastge de ierdappelrispinge yn hiel Jeropa yn de jierren 1840, mar de gefolgen foar Ierske befolking en ekonomy wienen ekstra grut, omdat de ierdappel de wichtichste fiedselboarne foar in tredde part fan de Ieren wie. De oarsaak fan de ramp is it lêste wurd yn rûnten fan histoarisy net oer sein, mar wie yn alle gefallen in gearkommen fan de ierdappelsykte mei politike, ekonomyske en sosjale faktoaren.[2][3]
As gefolch fan de krapte oan iten en sykten stoaren goed ien miljoen Ieren.[4]. Miljoenen oaren flechten it lân út (al as net twongen) nei Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en Grut-Brittanje.
It ferrin
bewurkje seksjeDe ierdappel wie yn Ierland sûnt 1800 it foarneamste fiedsel foar, benammen it earme part fan de befolking. Dat kaam omdat de jirpel op hast alle grûnsoarten waakse wol en in hege fiedingswearde hat en relatyf in protte opsmyt de kante meter. In gaadlik gewaaks foar de gewoane man mei in lyts stikje grûn. It hie fan gefolgen dat de befolking tige tanaam, mear as yn oare parten fan Jeropa. De hongersneed begûn mei it misjier 1845 troch de ierdappelsykte. Sokke jierren wienen der al sa'n tsien kear earder west sûnt 1816. Yn 1846 mislearre de rispinge ek troch de ierdappelsykte en 1847 wie in misjier troch slimme drûchte; dat kearde doe wol de ierdappelsykte. Boppedat briek yn 1847 de bûktyfus út, in sykte dêr't men net earder mei te krijen hân hie. 1848 wie in tige wiet jier sadat de jirpelsykte wer hurd taslaan koe. Dêr kaam yn desimber fan dat jier noch in goleraepidemy oerhinne. 1849 wie faaks noch it minste jier, de befolking desimearre en it lân folslein bankrot. Earst yn in 1850 kaam ferlichting hoewol't de jirpelsykte pleatslik wol útbriek.
De hongersneed makke ek dat de earme boeren de pacht net mear opbringe koenen. Teffens gienen de fiedselprizen al mar omheech meidat ek yn oare parten fan Jeropa de rispingen mislearren. Mettsjinsteande de hongersneed gie de eksport fan Iersk fleis en bûter gewoan troch. Dat wie oars by de hongersneed fan 1782–83, doe waarden havens sletten om eksport foar te kommen, nettsjinsteande protesten fan de keaplju. De prizen sakken doe en dat joech ferlichting.[5]
De meast yn Ingelân tahâldende grutgrûnbesitters jagen de boeren mei pachtskuld fan harren lân, of stipen emigraasje nei de Feriene Steaten. Sa'n 10 - 20% fan de ferswakke emigranten helle de oertocht net. Minne akkomodaasje op de skippen en besmetlike syktes dienen harres dêrta. Yn it Ierlân fan 1840 wennen sa'n 8 miljoen minsken, begjin 20e iuw wienen dat noch goed 3,5 miljoen troch direkte en indirekte gefolgen fan de Great Famine.
Leinster | Munster | Ulster | Connaught | Ierlân |
---|---|---|---|---|
15.3 | 22.5 | 15.7 | 28.8 | 20 |
Table from Joe Lee, The Modernisation of Irish Society (Gill History of Ireland Series No.10) p. 2 |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeIn kar:
- Ynformaasje by it Iersk Nasjonaal Argyf
- De Ierske holocaust
- Ireland: Jierren fan honger 1845-1851
- Webstee oer de honger foar bern
- Seamus P. Metress, Richard A. Rajner. De Grutte Ferhongering: In Ierske Holocaust. [1]
- Wat wie de oarsaak fan de Ierske hongersneed?
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|