Iezumakeech
De Iezumakeech leit yn it westlik part fan it Lauwersmargebiet, besuden Iezumasyl.
Keech betsjut "bûtendyks lân'; dat wie it ek foar't de Lauwerssee ôfslúten waard yn 1969. It waard doe earst ynrjochte as lânbougrûn dêr't meast koalsied boud waard.
Natoergebiet
bewurkje seksjeYn 1993 waard Steatsboskbehear de eigener fan it gebiet en waard it ynrjochte as natoergebiet. De Iezumakeech is sa'n 497 ha. grut. It eastlik part is in dyk omhinne lein dy't soarget dat it grutste part hjirfan ûnder wetter stiet, wêrtroch in sompegebiet ûntstien moat. It wetterpeil giet op en del troch de rein en de ferdamping, en meidat it wetter op de measte parten net djip is binne der altiten in protte einen en waadfûgels. It westlik part bestiet út greide foar de guozzen en greidefûgels.
Fûgelhutte
bewurkje seksjeOan de noardkant fan it wettergebiet is in parkearplak makke mei in dyk deromhinne. Ek wie hjir in fûgelhutte makke om de fûgels rêstich besjen te kinnen. Yn jannewaris 2002 is de hutte lykwols ôfbaarnd nei't er troch fandalen yn 'e fik set wie. Yn oerlis mei fûgelders is doe it plan makke om oan de sûdkant fan it sompegebiet in fûgelhutte yn it wetter te bouwen, de Sylkajút, dy't oer in dyk en tusken reidskerms berikt wurde kin.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Fûgelhutte Sylkajút Nederlânsk