Iisklub Balk

(Trochferwiisd fan Iisklup Balk)

Iisklub Balk is de iisklub oan de Houtdyk by Balk yn de gemeente De Fryske Marren.

De feriening waard oprjochte yn 1878. Ein 19e iuw rieden de Balksters leafst op de Luts. De destiidske boargemaster Gaikema joech allinnich tastimming foar riden op de mar as der 21 sintimeter iis lei. Ein tweintiger jierren sakke it ledetal en it wetter op de baan ek. Yn 1934 wienen der noch mar 187 leden oer. Nei de oarloch wienen dat 369 en yn 1949 sluet de iisklub him oan by de KNSB.

It hûndertjierrich bestean waard ein febrewaris 1978 fierd op in feestjûn ûnder lieding fan Lútzen de Vries yn De Treemter. It gewest Fryslân joech dêrby in bûnsflagge, de troch de KNSB spesjaal foar hûndertjierrigen bestimde oranje KNSB-wimpel. De tennis- en follybalklub beaen noch seis baanbiezems en in nammebuordsje oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: