Iisspeedway
Iisspeedway is in tûke fan de motorsport wêrby't mei motors op in iisbaan reesd wurdt.
Ûntstean
bewurkje seksjeIt earste wedstriidferslach komt út 1925 en giet oer in wedstriid op de Eibsee yn Dútslân. Mar sawol de Russen as de Sweden sizze rûn 1920 as earste mei it iisspeedway begûn te wêzen.
Baan
bewurkje seksjeDe races wurde meastal op natoeriis hâlden, mar ek wol op in iisbaan fan 400 meter, dêr't it iis ekstra dik fan opferzen is.
Motor
bewurkje seksjeIn kenmerk fan de iisspeedway-motor is dat der gjin rem op sit. Boppedat hat sa’n motor mar twa fersnellingen, wêrfan de earste allinne foar de start brûkt wurdt.
De tsjillen moatte foar in grut part fan in beskermjende kape fersjoen wêze. Dernêst moat der in ‘deademanskoarde’ opsitte. Dat is in toutsje dat fan it stjoer nei de pols fan de rezer rint. Sadree't de rezer it kontakt mei de motor ferliest, soarget it koardsje derfoar dat de motor fuortdaliks ôfslacht.
Bân
bewurkje seksjeYn de bannen fan in iisspeedway-motor binne spikers oanbrocht. De maksimale lingte fan de spikers is 2,8 cm, metten fanôf it befêstigingsplaatsje oant de punt fan de spiker.
Wedstriid
bewurkje seksjeOrnaris binne der 16 dielnimmers oan de wedstriid. Dy ride allegear stdjin elkoar, mar net allegear tagelyk. De wedstryd is opboud út 20 partijen mei 4 riders, dat alle dielnimmers alle oaren in kear tsjinkomme. Ien sa'n parij doarret likernôch ien minút. Gâns de wedstriid duorret sawat treddel oere.
Fryske Racers
bewurkje seksjeIt Nederlânske iisspeedway wurdt dominearre troch Fryske racers. Johnny Tuinstra, René Stellingwerf en Tjitte Bootsma