In Nije Stjer
In Nije Stjer is in fabel dy't basearre is op it bibelske krystferhaal. It berneboek is skreaun troch de Finsk-Dútske skriuwster Marjaleena Lembcke en fan tekeningen foarsjoen troch Susanne Strasser. De Fryske oersetting is fan Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld.
In Nije Stjer | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ein neuer Stern | |
auteur | Marjaleena Lembcke | |
taal | Dútsk | |
foarm | berneboek | |
sjenre | fabel, krystferhaal | |
1e publikaasje | 2008 | |
oarspr. útjwr. | Residenz Verlag | |
kodearring | ||
ISBN | 978-3 70 17 20 408 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Nije Stjer | |
publikaasje | 2009, Ljouwert | |
útjouwer | Friese Pers Boekerij | |
oersetter | Nynke Duijff-Veenstra | |
ISBN oers. | 978-9 03 30 08 764 |
Ferhaal
bewurkje seksjeDe fabel folget de reis fan trije keazen bisten nei de stâl yn Betlehem. Hy waard skreaun foar bern fan 6 oant 80 jier. De filosofyske beskôgings fan de bisten binne tige tagonklik foar alle minsken dy't grut wurde of waarden mei de Bibelske ferhalen.