In lammenien wurdt better makke
In lammenien wurdt better makke is neffens de evangeeljes fan Mattéus (9:1–8), Markus (2:1–12) en Lukas (5:17–26) ien fan de wûnders fan Jezus.
Doe't Jezus yn Kapernaüm wie en dêr it folk yn in hûs ûnderwiisde, barde it dat der in pear manlju mei in ferlamme man op in draachbêd kamen. Hja woene mei de man nei Jezus ta om't Dy de krêft besiet minsken better te meitsjen, mar fanwegen de grutte drokte slagge it harren net der yn te kommen. Hja gyngen doe nei it dak, makken dêr in gat en lieten de lamme man nei ûnderen sakje sa't er midden it folk by Jezus syn fuotten telâne kaam. Doe't Jezus seach hoe't de manlju leauden sei er "Soan, jo sûnden binne jo ferjûn".
Guon Fariseeërs beskuldigen Jezus doe fan godslaster om't it neffens har allinne oan God wie om sûnden te ferjaan. Neffens Markus fernaam Jezus fuort wat der yn harren omgyng en Dy sei doe tsjin har: Wêrom tinke jim oan sokke saken? Wat is ienfâldiger tsjin de ferlamme man te sizzen: "De sûnden binne jo ferjûn" of "Kom oerein, krij it bêd en gean dyn wei. Mar dat jimme witte dat de Minskesoan de autoriteit hat om op ierde sûnden te ferjaan". Dêrom sei er tsjin de man: "pak dyn bêd op en gean nei hûs".
It evangeelje fan Markus ynformearret dat dit wûnder yn Kapernaüm plakfûn. Neffens Mattéus barde it yn "syn eigen stêd" nei't er yn 'e boat nei de oare kant fan de Mar fan Galiléa foer. De evangelist Lukas neamt fierder gjin lokaasje.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paralytic lowered through the roof fan Wikimedia Commons. |