Inez Natali Weski (Rotterdam, 1955) is in Nederlânske strafpleiter.

Inez Weski
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1955
berteplak Rotterdam
wurkpaad
berop/amt Abbekaat
jierren aktyf 1978 - no
reden
  bekendheid
Taljochtsjen strafsaken yn de media

Libben en wurk

bewurkje seksje

Weski waard berne as jongste yn in grutte húshâlding fan Joadsk komôf,[1] yn in yntellektueel fermidden, dêr't in soad omtinken foar keunst en filosofy wie.

Inez Weski studearre rjochten yn Rotterdam. Yn 1978 waard hja as advokaat beëdige; sûnt dat jier wurke se foar it yn 1976 troch har suster Miriam Weski oprjochte abbekatekantoar 'Weski Heinrici Advocaten' yn Rotterdam, dêr 't se har fan it begjin ôf oan talei op strafsaken. Sûnt dy tiid hearre hja ta de rûnte fan bekende strafrjochtabbekaten. Hja is geregeldwei oanwêzich yn de media om har miening te jaan oer saken dy't it strafrjocht oanbelangje en oer de troch har ûnderfûne misstannen by it Iepenbier Ministearje en de plysje.

Se wurdt omskreaun as in 'workaholic' en in 'controlfreak', dat fynt hja sels ek. Se neamde harsels yn in fraachpetear yn 2007 erchtinkend en mient dat dy eigenskip needsaaklik yn har berop is.

Op 14 jannewaris 2012 waard Inez Weski troch de JOVD útroppen ta Liberaal fan it Jier 2011. Se krige de priis foar har 'breanedige striid tsjin it ferfal fan de rjochtssteat'.

Weski is sûnt 2006 ûnder oaren ek de advokaat fan de kontroversjele Surinaamske eks-president Desi Bouterse. Yn opdracht fan Bouterse moast se yn septimber 2012 in fersyk by de Hege Ried yntsjinje om it fonnis út 1999, dêr't Desi Bouterse yn feroardiele waard fanwegen kokaïnesmokkeljen, te feroarjen. Se hie yn july 2011 in petear oer dy saak mei presidint Bouterse op de Johan Adolf Pengel lofthaven yn Zanderij.

Har soan Guy Weski (1981) is ek abbekaat by Weski Advocaten.

Op 21 april 2023 waard Weski oanhâlden om 't it Iepenbier Ministearje har fertinkt fan it trochspyljen fan berjochten fan en nei har kliïnt Ridouan Taghi. [2] De fertinking tsjin Weski is basearre op lêsber makke berjochteferkear dat sûnt de arrestaasje fan har kliïnt Taghi yn 2019 yn Dubai ferstjoerd is fia SkyECC, in fersleutele berjochteapp dy't in soad brûkers yn it kriminele sirkwy hat. [3]

  • De jacht op het recht. Over de advocaat en de rest van de wereld (Querido, 2014)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lexicon Joods Nederland, W
  2. Inez Weski, advocaat Taghi, aangehouden om deelname criminele organisatie. nos.nl (21 april 2023)
  3. Marcel Haenen en Jan Meeus, Advocaat Inez Weski opgepakt, verdacht van doorspelen informatie van Ridouan Taghi. NRC (21 april 2023)