Inga Artamonova
Inga Grigorjevna Artamonova (Moskou, 29 augustus 1936 - Moskou, 4 jannewaris 1966) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny. Se wie ek wol bekend ûnder har troude namme Inga Voronina en Inga Voronina-Artamonova. Artamonova begûn as jong famke mei roeien, yn dizze sport waard se kampioene fan de Sovjetuny by de junioaren. Letter begûn se mei it langebaanriden. Artamonova waard Wrâldkampioene yn 1957, 1958 en 1962, waard yn 1963 en 1964 twadde en helle har fjirde wrâldtitel yn 1965. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen.
Inga Artamonova | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Inga Grigorjevna Artamonova | |
nasjonaliteit | Sovjet | |
bertedatum | 29 augustus 1936 | |
berteplak | Moskou | |
stjerdatum | 4 jannewaris 1966 | |
stjerplak | Moskou | |
lingte | 1.77 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
debút | 1957 | |
karriêre-ein | 1966 | |
wichtige prestaasjes | ||
4x goud WK Allround 1957, 1958, 1962, 1965 2x sulver WK Allround 1963, 1964 |
Artamonova wie boaske mei reedrider Gennady Voronin, hy waard ek har trainer, mar rekke slim oan de drank. Gennady wie hiel jaloersk op de suksessen fan syn frou en doe't Inga yn desimber 1965 oanjûn hie by Gennady wei te wollen nei meardere kearen troch him tamtearre te wêzen, waard sy begjin jannewaris 1966 troch har man fermoarde. Inga Artamonova 29 jier âld, waard begroeven op it Vagan'kovskoye begraafplak yn Moskou.
Persoanlike rekords
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 44,9 | 27 jannewaris 1962 | Medeo, Alma-Ata |
1000 meter | 1.32,8 | 27 jannewaris 1964 | Medeo, Alma-Ata |
1500 meter | 2.19,0 | 27 jannewaris 1962 | Medeo, Alma-Ata |
3 km | 5.05,5 | 15 maart 1964 | Dinamo Stadion, Kirov |
5 km | 10.04,8 | 22 maart 1955 | Dinamo Stadion, Kirov |
Resultaten
bewurkje seksjejier | WK Allround |
---|---|
1957 | |
1958 | |
1959 | 4e |
1961 | 10e |
1962 | |
1963 | |
1964 | |
1965 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|