Ingelske Tsjerke (Middelburch)
De Ingelske Tsjerke of Waalske Tsjerke is in ienskippige tsjerke mei in trijesidige sluting yn it histoaryske sintrum fan 'e Siuwske stêd Middelburch. De tsjerke wurdt brûkt troch de by de PKN oansletten Waalske wykgemeente.
Ingelske Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Simpelhuisstraat 10 | |
koördinaten | 51° 29'N 3° 36'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1480 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 508332 | |
Webside | ||
Side Waalske gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeKleaster
bewurkje seksjeDe kapel waard yn 1480 boud foar it yn 1481 stifte kleaster fan de sellebruorren. De sellebrourren wiene benammen dwaande mei it ferpleegjen fan dwylsinnigen. Yn Middelburch holpen de muontsen ek by it dwêsten fan brân troch by de putten de wacht te hâlden. Nei de alteraasje fan 1574 waarden de katolike preesters en muontsen ferballe, mar de sellebruorren mochten bliuwe, om 't der gjin oaren wiene, dy't de soarch foar dwylsinnigen en pestlijers op harren nimme woene. De kleasterkapel waard oerdien oan in tapytweverij en it kleaster waard eigendom fan de oerheid. Yn it Siuwsk Museum binne noch guon fan 'e dêr makke kleden te besjen. Tweintich jier letter wiene der gjin sellebruorren mear en hiene leken it wurk oernommen. Mei't de lêste leken yn 1611 op hege leeftyd nei it Begynhôf ferhûzen, kaam it hiele kleaster frij foar de soarch fan dwylsinnigen en pasjinten dy't te lijen hiene fan de fallende sykte. It kleaster krige doe de namme "Simpelhuys" en dy namme bestiet oant hjoeddedei, ek al wurde der sûnt 1812 gjin dwylsinnigen mear ferplege.
Kapel
bewurkje seksjeDe kapel stie sûnt 1604 leech en waard yn 1629 oan 'e Ingelse gemeente fan Middelburch yn brûklien oerdroegen. It ynterieur feroare drastysk: de tagong ferhûze nei it eastlike koer en de preekstoel nei de westlike muorre. De goatyske ramen waarden tichtmitsele en yn 'e noardlike muorre nije, leger sittende ramen ynbrutsen. Nei alle gedachten waard der doe ek in plafond ynbrocht. De renêssânse poarte fan dy tiid gyng yn 1940 mei it Frânske bombardemint op Middelburch ferlern. Oan 'e eastlike kant waard letter in kreake foar it oargel boud en in lytse konsistoarje oanboud. De tsjerke gyng pas yn 1798 oer yn it eigendom fan 'e Ingelske gemeente. De tsjerke bleau oant 1 jannewaris 1922 de tsjerke fan de Ingelske gemeente. Yn dat jier waard de gemeente opheft, mar de namme fan 'e tsjerke feroare net.[1]
De kapel waard yn 1956 restaurearre en by de restauraasje waard de oarspronklike eastlike oriïntaasje wer yn oarder makke.
Waalske Tsjerke
bewurkje seksjeTsjintwurdich wurdt de kapel brûkt troch de Eglise Wallonne, dy't twaris yn 'e moanne in Frânsktalige tsjinst fierd. De Waalske gemeente is yn 1574 ûnstien en is dêrmei de âldste Waalske gemeente fan Nederlân. Nei't harren tsjerke yn 'e Sint-Pieterstraat by it bombardemint fan 1940 ferlern gyng, makke de gemeente gebrûk fan de Ingelske Tsjerke oant 1953, doe't de Waalske gemeente ferhûze nei de Fermanje fan Middelburch. Sûnt 2011 brûkt de Waalske gemeente op 'e nij de Ingelske Tsjerke.[2][3]
Oargel
bewurkje seksjeDe Ingelske gemeente joech yn 1760 de opdracht oan de oargel- en klavesimbelmakker Gerard Steevens út De Haach om in oargel te bouwen foar de tsjerke. Foar it ienmanualige ynstrumint mei oanhongen pedaal waard in oargeltribune boud en op 6 septimber 1761 koe it nije ynstrumint yn gebrûk nommen wurde. By de restauraasje fan 'e tsjerke yn 1956 waard ek it oargel restaurearre en ferhûze it by de werynrjochting nei de westlike kant fan de tsjerke.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|