De Inhimrenstins of Stins by Inhimren wie in stins yn de buorskip Inhimren by Raerd yn de gemeente Boarnsterhim. De stins stie yn oan de hjoeddeiske súdeastrâne fan Raerd. Fan de stins en stinswier is neat oer.

De stins soe foar 1400 boud wêze. By Inhemren, krekt besuden it doarp, wurdt yn 1718 en yn 1850 in stinswier oanjûn. Dat hjir in stins stien hat komt oerien mei de fermelding troch Jancko Douwama oan it begjin fan de 16de iuw dat hjir in schoen huis was, ende oock wal genoech starck. Ien fan de susters fan âlde Onne van der Cappelle, de stamfaar fan de Oenema's wie dêr yntroud. It hûs soe troch Albrecht fan Beieren om 1400 ynnomd wêze. Upcke fan Burmania fernijdt yn syn genealogyske hânskrift dat yn it begjin fan de 15de iuw Hapke yn Hem troude mei Epe NN; harren dochter Iouk soe Inhemren troch har houlik mei Ulke Douma oan de Douwema's brocht hawwe. Harren soan Sicke neamde him wol Douma mar ek wol Inhem(st)ra.

  • begjin 15de iuw Hapke in Hem
  • dochter Iouk troude mei Ulke Douma
  • Sicke Douma / Inhem(st)ra

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen - De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom, 2009