Inne Jans Rinkes
Inne Jans Rinkes (De Jouwer, 19 febrewaris 1818 – dêre, 4 jannewaris 1892) wie in Nederlânsk politikus. Fan 1871-1892 wie hy boargemaster fan Haskerlân.
Inne wie de soan fan moalkeapman en wethâlder Jan Jans Rinkes (1781-1867) en Antje Innes Wielinga (1783-1852). Op 5 april 1840 waard hy foarsitter-tsjerkefoud fan de meniste tsjerke.[1] In jier letter troude hy mei Femke Douwes Douma en krige mei har seis bern. Hy wie winkelman en keapman op De Jouwer en waard yn 1853 lid fan de gemeenterie. Fan 1854 oant syn lettere boargemasterskip wie hy lid fan it dykbestjoer fan it wetterskip. Fan 1873 oant syn ferstjerren wie hy boargemaster fan Haskerlân. Hy waard begroeven yn Westermar.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |