Los Angeles Times Book Prize

(Trochferwiisd fan Innovator's Award)

De Los Angeles Times Book Prize (almeast de L.A. Times Book Prize neamd) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't sûnt 1980 elts jier yn ferskate kategoryen útrikt wurdt troch de krante de Los Angeles Times, út it Kalifornyske Los Angeles. Dizze prizen, dêr't in bedrach fan $1.000 de kategory oan ferbûn is, waarden oprjochte troch Art Seidenbaum, dy't fan 1978 oant 1985 as resinsint by de L.A. Times wurke. De prizen wurde útrikt op it jierliks Los Angeles Times Festival of Books, yn april.

Los Angeles Times Book Prize
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Los Angeles Times
frekwinsje 1x jiers
datum april
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1980
offisjele webside
www.latimes.com/extras/bookprizes/

Op 't heden binne der 9 ûnderskate reguliere kategoryen:

Fierders binne der noch trije spesjale prizen:

  • de Art Seidenbaum Award for First Fiction (sûnt 1991)
  • de Innovator's Award (sûnt 2009)
  • de Robert Kirsch Award

De Art Seidenbaum Award for First Fiction is in priis foar debutearjende auteurs, dy't yn 1991 tafoege waard, in jier nei Seidenbaum syn ferstjerren. De Innovator's Award foarmet in erkenning foar skriuwers dy't ynnovatyf te wurk geane. En de Robert Kirsch Award, ta einbeslút, is in priis foar in libbene skriuwer mei in dúdlike konneksje mei it Amerikaanske Westen, waans bydrage oan 'e Amerikaanske letterkunde oft spesjale erkenning brek is. Dizze priis is ferneamd nei Robert Kirsch, dy't fan 1952 oant syn dea yn 1980 resinsint wie by de L.A. Times, en dy't oarspronklik it idee foar de L.A. Times Book Prize oppenearre. Foar in folsleine list mei winners yn alle kategoryen, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.