Ynterlingua

(Trochferwiisd fan Interlingua)

It Ynterlingua (Interlingua, út Lat. inter "tusken" en lingua "taal") is in ynternasjonale helptaal, dy't yn 1951 publisearre waard troch de International Auxiliary Language Association ("Feriening foar in Ynternasjonale Helptaal", IALA). Yn tsjinstelling ta it (skematyske) Esperanto is it Ynterlingua in sterk naturalistyske taal. Eigentlik is it in soartemint Neo-Latyn. De grûnslach wurdt foarme troch ynternasjonale wurden, d.w.s. wurden dy't it bêste fertsjintwurdige binne yn de fiif saneamde kontrôletalen Ingelsk, Frânsk, Italjaansk, Spaansk en Portegeesk, en in ienfâldige, regelmjittige grammatika. Dêrtroch is it Ynterlingua sûnder kennis fan de taal doch ienfâldich te begripen.

Ynterlingua
algemien
eigen namme Interlingua
lânseigen yn de hiele wrâld
tal sprekkers 1.500[1]
skrift Interlingua alphabet[*], Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Keunsttalen
taalkoades
ISO 639-1 ia
ISO 639-2 ina
ISO 639-3 ina

Mei 1.500 sprekkers is it Ynterlingua nei it Esperanto de meast brûkte keunsttaal.

De skiednis fan it Ynterlingua fong oan yn 1924 mei de oprjochting fan de IALA op ynisjatyf fan Alice Vanderbilt Morris. It doel wie te diskusjearjen oer en ûndersyk te dwaan nei alle aspekten en mooglikheden fan ferskate besteande ynternasjonale helptalen en te besjen hokker derfan de bêste wie. Uteinlik besleat de IALA lykwols dat gjint inkele taal goed genôch wie en ûntwurp yn plak dêrfan in eigen, nije taal: it Ynterlingua. De taal waard offisjeel yntrodusearre op 15 jannewaris 1951 mei de publikaasje fan yn wurdboek Ynterlingua-Ingelsk mei likernôch 27.000 wurden. Yn datselde jier kaam ek de earste grammatika fan 't Ynterlingua út. De foarnaamste auteur wie de Dútsk-Amerikaanske taalkundige Alexander Gode-von Aesch (1906-1970), dy't sûnt 1948 direkteur fan de IALA west wie.

Ynearsten hie it Ynterlingua in protte súkses en luts folle brûkers oan fan 't Ido, it Occidental en it Novial. De taal waard yn ferskate wittenskiplike publikaasjes en op kongressen brûkt. De IALA is nei 1953 net aktyf mear west en waard yn 1956 úteinlik opheven, mar yn 1955 waard in nije organisaasje oprjochte, de Union Mundial pro Interlingua ("Wrâlduny foar 't Ynterlingua", UMI). De UMI jout ferskate publikaasjes yn en oer 't Ynterlingua út en organisearret eltse twa or trije jier in ynternasjonale konferinsje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Ynterlinguae ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Sabine Fiedler, 1999, "Phraseology in planned languages", Language Problems and Language Planning, vol. 23 no. 2