Ipatjevhûs

(Trochferwiisd fan Ipatjev-hûs)

It Ipatjevhûs (Russysk: Дом Ипатьева) wie it hûs yn de Russyske stêd Jekaterineburch yn it Federaal distrikt Oeral, dêr't tsaar Nikolaas II en syn famylje en persoaniel finzen holden en letter fermoarde waarden. It stiennen hûs, dat yn it bêste diel fan de stêd stie oan it Himelfeartsplein net fier fan de Himelfearttsjerke, waard yn 1977 ôfbrutsen. Op it plak fan it Ipatjevhûs waard yn de jierren 2000-2003 ta oantinken fan de keninklike famylje de Tsjerke op it Bloed boud.

It Ipatjevhûs yn de jierren 1920
 
De keninklike famylje fan Ruslân
 
It Ipatjevhûs yn 1918

Op 27 april 1918 hieten de bolsjewiken de keapman Nikolai Nikolajewitsj Ipatjev syn hûs binnen twa dagen leech op te leverjen. Hy mocht ûnder yn de kelder in romte brûke om syn guod op te slaan. Dizze romte waard dêrnei fersegele en lei njonken de keamer dêr't trije moannen letter de keizerlike famylje mei harren persoaniel eksekutearre wurde soene. De bolsjewiken lieten it hûs mei in dûbele houten palisade fan fjouwer meter hichte omheine en op it dak waard in masinegewear opsteld.

Nei in treinreis fanút Tobolsk kamen op 30 april 1918 tsjaar Nikolaas II mei de frou en syn dochter Maria yn Jekaterineburch oan. Hja waarden nei it ôfleverjen fan in bewiis fan ûntfangst troch de fertsjintwurdiger fan de Oeral-sovjet yn iepen auto's nei it gebou dat de bolsjewiken omdoopt hiene ta "It hus mei it spesjale doel" brocht.

De twa âldere dochters Olga en Tatjana kamen op 23 maaie mei Alexej oan, om't er fanwegen syn bloedsykte net earder reizgje koe.

 
De keamer dêr't de moardnerij plak fûn

De Romanov's krigen fan it Ipatjevhûs fjouwer keamers tawiisd en moasten tidens it ferbliuw dêr tal fan pesterijen ûndergean.

Om't it Wite Leger jimmeroan tichterby kaam en it artilleryfjoer al te hearren wie waard yn de nacht fan 16 op 17 july 1918 de keninklike famylje wekker makke. Yn de ferûnderstelling dat hja evakuëarre waarden, kuierde de famylje mei it gefolch nei de lege kelderkeamer. De keizerin wie ferheard dat der gjin stuollen wiene om te sitten en foar de tsaar en de tsarina waard yn alle hasten noch gau twa stuollen delsetten. Doe gyngen de dûbele doarren iepen en ferskynde de kommandant Joerovski mei in mennich mannen achter him. Joerovski dielde de famylje mei wêrom't hja dea moasten en fuort nei dy wurden waard de famylje tegearre mei harren arts Botkin en de persoanielsleden Anna Demidova, Ivan Tsjaritonov en Alexej Trupp ôfslachte.[1]

Krapoan in wike letter waard Jekaterineburch ûnder lieding fan de Tsjechyske generaal Radola Gajda fan it Westlike Wite Leger ynnommen. It hûs waard werom jûn oan de eigner, mar moast brûkt wurde foar ûndersyk troch de rjochter Ivan Serguéjev en letter Nikolaj Sokolov nei wat der krekt bart wie mei de keizerlike famylje. Nettsjinsteande dat koe Ipatjev trije keamers fan it hûs brûke.[2]

De sloop fan it Ipatjevhûs

bewurkje seksje
 
Bloedtsjerke

Ein 1919 foel Jekaterineburch op 'e nij yn de hannen fan de Bolsjewiken. It hûs bleau no foar in lange tiid leech stean, oant it yn 1927 iepene waard as in museum foar de revolúsje. Besikers koene de keamers op de earste ferdjipping besjen, mar de kelder bleau sluten om't der de argiven fan de pleatslike sovjet opslein leine. It museum gyng yn 1932 wer ticht. Nei de Twadde Wrâldkriich krige it hûs meardere bestimmingen. It hûs waard brûkt om argiven fan de kommunistyske partij op te slaan, it wie in Museum fan it Ateïsme. Fanwegen de skiednis bleau it Ipatjev-hûs belangstellenden lûken, ek al wie it net mooglik om it hûs te besjen. Alle jierren wer leine boargers op 17 july blommen by it hûs tan oantinken oan de keizerlike famylje.

Alhoewol't yn 1974 it Ipatjev-hûs as in histoarysk monumint klassifisearre waard, naam Michail Sûslov, in lid fan it Politburo, in pear jier letter it beslút dat it Ipatjev-hûs sloopt wurde moast. De offisjele reden wie dat it hûs wike moast foar it ferbetterjen fan it ferkear yn dit diel fan de stêd, mar de wiere reden wie dat Moskou gjin ferlet hie fan in beafeartsplak foar de fermoarde keninklike famylje. It wie de earste presidint fan de Russyske Federaasje, Boris Jeltsyn, dy't doedestiids noch haad wie fan de regionale Kommunistyske Partij, dy't twongen waard om de opdracht út te fieren. Letter neamde Boris Jeltsyn de sloop in "barbaarske died"

Ta oantinken fan de moard op de keizerlike famylje fan Ruslân en har persoaniel waard yn de jierren 2000-2003, op it plak dêr't ea it Ipatjev-hûs stie, de monumintale Tsjerke op it Bloed boud.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tsaar, de verdwenen wereld van Nicolaas en Alexandra, Peter Kurth, ISBN90 6707 380 6
  2. www.romanov-memorial.com