Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch)

De Tsjerke op it Bloed ta Eare fan Alle Hilligen dy't it Russyske Lân ferljochtsje (Russysk: Храм-на-Крови во имя Всех святых, в земле Российской просиявших) is in Russyske-otterdokske tsjerke yn Jekaterineburch. De tsjerke stiet op it plak fan it Ipatjevhûs, dêr't yn 'e Russyske boargerkriich Nikolaas II, de lêste tsaar fan Ruslân, mei syn frou, bern en in tal persoanielsleden fermoarde waarden troch de bolsjewiken.

Tsjerke op it Bloed

Храм-на-Крови

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
koördinaten 56° 50' N 60° 36' E
Arsjitektuer
boujier 2000-2003
boustyl Russysk-byzantynsk arsjitektuer
Webside
hram-na-krovi
Kaart
Tsjerke op it Bloed (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke op it Bloed

De eksekúsje fan 'e keizerlike famylje

bewurkje seksje
 
De keizerlike famylje (1913).

Nei de Febrewarisrevolúsje fan 1917 waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Aleksander Paleis yn Tsarskoje Selo bûten Sint-Petersburch. Om't Aleksander Kerensky, de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feiligens fan 'e eardere tsaar en de famylje, liet er de famylje ferhûzje nei it hûs fan 'e eardere gûverneur fan Tobolsk. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterineburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar in tribunaal te lieden. Yn Jekaterineburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje yn ûnder te bringen. It Tsjechysk Legioen, dat oan 'e kant fan 'e Witen tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterineburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om 'e hiele keizerlike famylje te eksekutearen.

Op de iere moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn 'e kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.

  De Wikipedy hat ek in side Ipatjevhûs.
 
Ipatjevhûs.

It Ipatjevhûs wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de Oktoberrevolúsje joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân op ôf kamen, benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne. Dat omtinken late yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter Joeri Andropov en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte langer te meitsjen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillich plak en nei it begjin fan 'e Perestrojka kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak, dat no in stik ûnlân wie. Oan 'e earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols ferwidere waard. Letter folgen in twadde en in tredde, no metalen krús.

De nije tsjerke

bewurkje seksje
 
Monumint foar de Romanov's.

Op 20 septimber 1990 joegen de gemeente en de tsjerklike autoriteiten tastimming oan it otterdokske bisdom Sverdlovsk om op it plak fan it eardere Ipatjevhûs in monumint te bouwen. Op 23 septimber 1992 waard úteinset mei de bou fan it tsjerke-monumint. Tegearre mei de earste stienlizzing waard in earder boude kapel ynwijd, mar as gefolch fan 'e drege ekonomyske sitewaasje yn Ruslân en it brek oan jild kaam de bou fuort dêrnei stil te stean.

Pas yn it jier 2000, nei de hilligferklearring fan 'e keizerlike famylje troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke, waard op it plak begûn mei nije tariedings fan de bou fan de tsjerke. Patriarch Aleksius II kaam op 23 septimber 2000 nei it plak om it nije projekt te wijen. De bou fan 'e tsjerke eine no hurd en it doel wie om de konsekraasje fan 'e tsjerke op de 85e jierdei fan 'e moard op 'e Romanov's gearfalle te litten. Op 16 july 2003 wie it safier dat de tsjerke plechtich ynwijd waard.

 
Ynterieur.

De tsjerke is in fiifkoepelich gebou woarn mei in hichte fan 60 meter. Se is yn Russysk-Byzantynske styl útfierd, de styl fan 'e measte tsjerken, dy't yn it regear fan Nikolaas boud waarden. De tsjerke bestiet út in boppe- en in ûndertsjerke. Yn 'e ljochte boppetsjerke dy't wijd waard oan Alderheljen krige in 30 meter lange en 13 meter hege ikonostaze fan seldsume soarten wyt moarmer in plak. Boppe it plak dêr't de Romanov's fermoarde waarden is dêr in iepening yn 'e flier oanbrocht, sa't it fan boppe ôf sjoen wurde kin. Yn 'e benedentsjerke, de Bloedtsjerke, binne ek de autentike resten fan it Ipatjevhûs opnommen. Hjir stiet in porsleinen ikonostaze fan in lokale porsleinfabryk. It alter fan 'e benedentsjerke stiet op it plak dêr't de eksekúsje fan 'e Romanov's plakfûn. Dêr is ek in museum ûnderbrocht mei in eksposysje, dy't wijd is oan 'e lêste dagen fan de Romanov's en in auditoarium mei 160 sitplakken. Ek jout de tsjerke ûnderdak oan in sneinsskoalle en wurdt der Bibelûnderwiis jûn.

Op 27 novimber 2002 waard by de Bloedtsjerke de earste stien lein foar de nijbou fan it patriargale kleaster mei de Nikolaastsjerke, dat yn 2003 ree kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм на Крови (Екатеринбург)