Ipepaazje
De ipepaazje (Satyrium w-album) is in flintersoarte yn it skaai fan de beampaazjes (Satyrium).
ipepaazje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Satyrium w-album | ||||||||||||
Knoch, 1782 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe ipepaazje libbet by grutte iperenbeammen. Se binne foaral te finen yn Súd-Limburch en yn it easten fan it lân. It is in flinter dy't lestich te finen is. Yn Nederlân binne mar 105 ipepaazjes fûn. It hat altyd al in seldsume flinter west. Sûnt 1977 is de flinter efterútgong. De ypsykte briek út, wêrtroch der in soad sike mar ek sûne Ipen kapt binne. Der binne wol nije ipen plante mar dizze ipen drage noch gjin fruchten en binne dus gjin weardplanten. Yn de jierren tachtich like de flinter ferdwûn. Gelokkich binne yn de jierren njoggentich noch in pear flinters fûn. Útstoarn is er noch net, mar hy sit op it rântsje.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Fljochtiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fanôf heal juny oant heal augustus. De flinter fljocht altyd yn 1 generaasje.
De flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 16 mm. Op de efterwjuk foarmet in wite line in dúdlike W mei steile sydkanten. De oranje moanneplakken binne grut en hawwe de foarm fan heale moannen. Se binne swart mei in râne. De wyfkes binne in bytsje grutter as de mantsjes en de wyfkes binne ek in bytsje ljochter op 'e boppekant.
De rûp
bewurkje seksjeDe rûp kin 15 lang wurde. It liif is gieleftich mei grien. It liif is bedekt mei lytse wite hierkes. Soms binne de rûpen ek wol readeftich. De folwoeksen rûp libbet op de boppekant fan ipeblêden. Hy kin it best fûn wurde troch fan ûnderen troch in blêd nei de sinne te sjen. De rûp groeit yn it foarjier en yn de foarsimmer. De rûp is likernôch trije wiken pop.
De rûp fret allinnich yp.