Irwell (rivier yn Ingelân)
De Irwell is in rivier dy't troch de Irwelldelling yn Noardwest-Ingelân rint. De boarne is by Irwell Springs op it Deerplay Moor, sa'n oardel kilometer benoarden Bacup. De rivier is de grins tusken Manchester en Salford en mûnet út yn de Mersey by Irlam.
Om de meänderjende Irwell better befarber te meitsjen foar skippen en sadwaand in goede ferbining tusken de Irwell en de Mersey te krijen, waard yn de 18e iuw de Mersey and Irwell Navigation oanlein, dy't oan de ein fan de 19e iuw troch de gruttere en no noch brûkte Manchester Ship Canal syn rol as wichtige ferbining fan Manchester mei Liverpool en de iepen see wer ferlear.