Isaac Beeckman
Isaac Beeckman (Middelburch, 10 desimber 1588 – Doardt, 19 maaie 1637) wie in Nederlânse natuerkundige, yngenieur en meteorolooch.
Isaac Beeckman | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Isaac Beeckman | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 desimber 1588 | |
berteplak | Middelburch | |
stoarn | 19 maaie 1637 | |
stjerplak | Doardt | |
wurkpaad | ||
berop/amt | natuerkundige | |
aktyf as | meteorolooch |
Isaac Beeckman studearre letterkunde en filosofy yn Leien en promovearre yn 1618 yn de genêskunde yn Caen. Hy waard konrektor yn Utert en Rotterdam. Yn 1627 waard er rektor fan de Latynske skoalle yn Doardt, it Johan de Witt-gymnasium fan no. Hy stoar yn de âldens fan 48 jier.
Beeckman wie in learling fan Simon Stevin. René Descartes wie in freon fan him, dy't syn earste wurk, it Compendium Musicae, oan Beeckman opdroech. Beeckman wurdt rekkene ta de meast foaroansteande wittenskippers fan syn tiid. Utsein dokter en yngenieur, bestudearre er de wiskunde en natuerferskynsels en stelde er út om alle wittenskip en kennis in drege basis te jaan, bygelyks mei de wiskunde.
Beeckman hat net publisearre. Dêrom hawwe syn ûntdekkingen mar in bytsje ynfloed op it ûntjaan fan de wittenskip hân.
Literatuer
bewurkje seksje- Berkel, Klaas van: Isaac Beeckman en de mechanisering van het wereldbeeld, (1983), ISBN 9062039146
- Gaukroger, Stephen: Descartes. An intellectual biography, Oxford University Press, 1995, 2003, 499 s.
- Panhuysen, Luc, De levens van Johan en Cornelis de Witt, ISBN 904501422X
- Waard, C. de: Journal tenu par Isaac Beeckman de 1604 à 1634
- Berkel, Klaas van, e.a. (1999) A History of Science in The Netherlands. Survey, Themes and Reference. Leien/Boston/Keulen: Brill
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Journal tenu par Isaac Beeckman de 1604 à 1634. Bewurke troch Cornelis de Waard. Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|