Isabelle de Gélieu
Isabelle de Gélieu (útspr.: [isaˈbɛl də ʒeˈljœ], likernôch: "i-sa-bel duh zjee-lju"; ek bekend ûnder de efternamme fan har man as Isabelle Morel; Lignières, 9 july 1779 – Corgémont, 18 oktober 1834) wie in Frânsktalich Switsersk skriuwster en oersetster. Hja waard it bekendst troch har roman Louise et Albert.
Isabelle de Gélieu | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Switsersk | |
berne | 9 july 1779 | |
berteplak | Lignières (Switserlân) | |
stoarn | 18 oktober 1834 | |
stjerplak | Corgémont (Switserlân) | |
etnisiteit | Frânsk | |
reg. identiteit | Frânsk-Switsersk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | lit. roman | |
perioade | begjin 19e iuw | |
streaming | Ferljochting | |
bekendste wurk(en) |
Louise et Albert | |
jierren aktyf | 1797 – 1834 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeIsabelle de Gélieu waard yn 1779 berne yn Lignières as in dochter fan predikant Jonas de Gélieu en dy syn frou Maguerite-Isabelle Frêne. Hja wie de pakesizzer fan deiboekskriuwer en predikant Théophile-Rémy Frêne. Gélieu groeide op yn 'e pleatslike pastorij, dêr't se al jong lêzen en skriuwen learde. Mei tsien jier wist se har heit te bepraten om har Latyn te learen, wêrfan't de kennis yn 'e achttjinde iuw as "ûn-froulik" beskôge waard. Doe't se trettjin jier wie, waard Gélieu nei Basel stjoerd sadat se Dútsk leare koe; hja kaam dêr yn it bêd en brochje fan har muoike, Esther Mieg, te wenjen.
As jongfolwoeksene rekke Gélieu yn har doetiidske wenplak Colombier, yn it kanton Neuchâtel, befreone mei de Nederlânske skriuwster Belle van Zuylen, mei wa't se yn 1797 it wurk Nature and Art fan Elizabeth Inchbald út it Ingelsk yn it Frânsk oersette. Van Zuylen moedige har ek oan ta it skriuwen fan 'e roman Louise et Albert, dy't útkaam yn 1803. Yn 1801 troude Gélieu mei Charles-Feridnand Morel, sadat se sûnt ek wol bekendstie as Isabelle Morel. Letter ferskynden fan har noch ferskate wurken dy't se út it Dútsk wei yn it Frânsk oersette, wêrûnder de histoaryske roman Gertrude de Wart fan Johann-Conrad Appenzeller en ek dielen fan 'e oeuvres fan Johann Heinrich Pestalozzi, Heinrich Zschokke en Friedrich von Schiller.
Wurk
bewurkje seksje- 1797 – La Nature et l'Art (oersetting, mei Belle van Zuylen)
- 1803 – Louise et Albert, ou Le Danger d'être trop exigeant (roman)
- 1819 – Gertrude de Wart ou l’épouse fidèle (oersetting)
- 1821 – Manuel des Mères de Pestalozzi (oersetting)
- 1821 – Annette et Wilhelm, ou la Constance éprouvée (oersetting)
- 1825 – Choix de pièces fugitives de Schiller (oersetting)
- 2020 – Journal 1819-1834 (deiboek)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |