اسلامی جمہوریت پاکستا
Islāmī Jamhūriya-i-Pākistān
Flagge fan Pakistan Wapen fan Pakistan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Pakistan
Offisjele taal Urdu
Haadstêd Islamabad
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
803.940 km²
3,1­%
Ynwenners (2017) 212.742.631
Munt Rupee (PKR)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 14 augustus
Lânkoade PAK
Ynternet .pk
Tillefoan 92

Pakistan, sûnt 1956 de Islamityske Republyk Pakistan (dêrfoar fanôf 1947 it Dominion Pakistan), is in lân yn Súd-Aazje. De haadstêd is Islamabad.

Pakistan betsjut Lân fan de reinen, dêrmei wurde de moslims bedoeld. Ek hawwe de letters fan Pakistan in betsjutting. De P is fan Punjab, de A fan Afganistan (noardwesten), de K fan Kasjmir, de S fan Sindh en Tan fan Baluchistan. Dizze letters foarmje meielkoar Pakstan. De Ingelsken hawwe der noch in i tusken setten sadat it wat makliker útsprutsen wurde kin.

Pakistan wurdt begrinzge troch:

 
K2, op 8.611 meter hichte, is de twadde heechste pyk yn de wrâld.

Pakistan hat in oerflakte fan 803.940 km. Te suden fan it lân befynt him de Arabyske See, mei 1046 km kuststripe. Ten easten leit Yndia (grins 2912 km), ten noardeasten Sina (grins 523 km), ten noarden en noardwesten leit Afganistan (grins 2430km) en ten westen leit Iran (grins 909 km).

It noarden fan Pakistan is bercheftich en guon bergen, lykas de K2 yn Kasjmir, hearre ta de heechste yn de wrâld. Yn it suden fynt men it Kirtharberchtme. De wichtichste rivier is de Indus rivier. Yn it suden fan it lân komme woastinen foar.

It klimaat fariearet krekt sa folle as it lânskip, mei kâlde winters en hjitte simmers yn it noarden en in myld klimaat yn it suden dat hoeden wurdt troch de ynfloed fan de oseaan. De sintrale dielen hawwe ekstreme hjitte simmers mei temperatueren dy't rize oant 45 °S folge troch tige kâlde winters, meastentiids ûnder it friespunt. Yn it hiele lân falt trochstrings net folle reinwetter. Delslach wurdt meastentiids brocht troch de net betroubere súd-westlike monsoon winen tidens de lette simmers. It sifer leit tusken de 250 milimeter oant 1,250 milimeter. De bou fan damen yn de rivieren en it slaan fan wetterputten yn skrokke gebieten hawwe tydlik ferlichting jûn oan it te koart oan wetter foar de hieltyd tanimmende befolking.

Pakistan waard op 14 augustus 1947 makke sadat de Indiaaske moslims harren eigen steat hienen. Doetiids wie it in dominion yn it Britske Commonwealth. Yn 1956 waard it in selsstannige republyk. Twa jier letter waard in kûp dien troch it leger dy't it bestjoer fan it lân oernaam. Mohammed Ayub Khan regeare oant 1969 en dêrnei regeare Agha Mohammed Yahya Khan oant 1971.

Yn 1971 bruts der in boargeroarloch út en yn de rin fan dizze kriich ferklearre Banglades har ûnôfhinklik fan Pakistan.

Yn 1973 waard in nije grûnwet oannommen en krige it lân offisjeel in presidint en in premier. Zulfiquar Ali Bhutto waard premier. Lykwols folge yn 1977 in nije in steatsgreep, diskear ûnder lieding fan generaal Mohammed Zia-ul-Haq.

Nei de dea fan Zia ul-Haq (augustus 1988) kamen der frije ferkiezings, dy't troch Benazir Bhutto wûn waarden. Sy soe hjirtroch de earste froulike premier wurde yn in islamitysk lân. Dôchs waard har rezjym kenmerke troch korrupsje en freonepolityk. Yn 1990 waard sy troch presidint Ghulam Ishaq Khan ûntslein.

Op 28 maaie 1998 fierde Pakistan har earste test út mei in kearnbom. Fermoedlik komt de kennis hjirfoar foar in grut diel út Nederlân, troch smokkeljen troch de Pakistaanske kearnfysikus Abdul Qadir Khan. Sûnt de oprjochting fan sawol India as Pakistan wurdt troch beide lannen twisten oer it besit fan Kasjmir.

Oan it begjin fan de 20e iuw telde it gebiet dat no Pakistan is 20 miljoen ynwenners; dat oantal is yn distiid fersânfoudige.

Etnyske groepen

bewurkje seksje

De Punjaby's foarmje de grutste etnyske groep y it lân. Oare wichtige etnyske groepen binne de Patanen, Sindy's, Beloetsjy, Muhajirs en Seraiky's. Ferskate oare etnyske groepen wenje benammen yn it bercheftige noarden fan it lân.

Ek wenne der in protte flechtlingen út buorlân Afganistan, benammen Patanen mar ek Hazara's en Tadzjiken.

Bestjoer en polityk

bewurkje seksje

Yn 1999 griep generaal Pervez Musharraf de macht troch it demokratyske regear fan Nawaz Sharif oan de kant te skowen. Sûnt dy steatsgreep regeart presidint Pervez Musharraf it lân mei hurde hân. Hy fiert in pro-westersk belied en krijt dêrom in proatte stipe út it westen. Dar is faak net nei't sin fan de (ekstremistysk) godstsjinstige befolking. Hy krijt de benammen út de Feriene Steaten. Dizze stipe komt foaral om't Presidint Musharraf meidocht as bûnsmaat yn de kriich tsjin it terrorisme. De premier is Shaukat Aziz.

Yn it lân binne in soad groepearrings it net iens mei it belied fan Musharraf. Benammen godstsjinstige groepearrings sjogge him as in sekuliere diktator dy't it lân net yn namme fan de islam regeart.

Yn de provinsje Beloetsjistan binne der groepen dy't stribje nei gruttere selsstannigens. Dit komt foaral fanwege ûnfrede oer de ferdieling fan de opbringsten fan de oanwêzige gasfoarrieden en oare minerale rykdommen. Somtiids wurdt troch dizze groepearrings geweld brûkt. Baloechistan jildt as ien fan de earmste provinsjes fan it lân.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Pakistan bestiet út 4 provinsjes, 2 grûngebieten en 2 gebieten yn Kasjmir dy't in striidpunt foarmje:

 
  1. Beloetsjistan (Alternative stavering: Baluchistan) - Provinsje yn it súdwesten; it eastlik part fan de lânsdouwe Beloetsjistan (it westlik part leit yn Iran, it noardlike part yn Afganistan). Haadstêd: Quetta.
  2. Noardwestlike Grinsprovinsje - Haadstêd: Pesjawar
  3. Punjab - Provinsje yn it easten; it westlik part fan de lansdouwe Punjab (it eastlik part leit yn Yndia). Haadstêd: Lahore. Oare wichtige stêden: Faisalabad, Gujranwala, Multan en Rawalpindy
  4. Sindh. Haadstêd: Karachi. Oare wichtige stêd: Hyderabad
  5. Haadstêdlik Territoarium Islamabad
  6. Federaal Bestjoerde Stamgebieten - Federaal territorium.
  7. Azad Kasjmir
  8. Noardlike Gebieten