Isobaar (meteorology)
In isobaar is in line op in waarkaart of yn in diagram dy't punten fan deselde druk mei-inoar ferbynt. Ynearsten waard de ienheid fan druk yn bar oanjûn, dochs wurdt de ienheid hjoed-de-dei ornaris yn paskal oanjûn. De linen wurde almeast op in ôfstân fan fiif hektopaskal luchtdrukferskil fan inoar oanjûn. In isobaar is in foarbyld fan in isoline dy't njonken yn de meteorology ek yn de termodynamika brûkt wurdt. It wurd isobaar kin ek eigeskiplik brûkt wurde: sjoch isobaar proses.
Troch de ferskillen yn druk yn in gas of in floeistof is der sprake fan in drukgradiïntkrêft en sil der in streaming op gong komme fan it hegedrukgebiet nei it legedrukgebiet. De bewegingsrjochting is leadrjocht op de isobaren.
Meteorology
bewurkje seksjeOp draaiende planeten, lykas Ierde, komme der lykwols nijsgjirrige effekten foar. Foar de wynrjochting is de Korioliskrêft de wichtichste. De wynrjochting dy't leadrjocht op de isobaren begjint, feroaret dêrtroch. Sadree't de lucht begjint te bewegen, krijt er in krêft leadrjocht op de rjochting fan dy beweging. De Wet fan Buys Ballot jout oan hokker rjochting. Op Ierde is op it noardlik healrûn de ôfwiking nei rjochts: by in legedrukgebiet is de rjochting fan de wyn tsjin de klok yn, en by in hegedrukgebiet mei de klok mei. Op it súdlik healrûn is de ôfwiking nei lofts en binne de ferdraaiïngs krekt oarsom. Lang om let draait de wyn almeast by oant er hast lykop rint mei de isobaren. Soks hjit in geostrofyske wyn.