Israël Kiek
Israël David Kiek (Grins, 22 april 1811 - Leien, 14 maaie 1899) wie in Nederlânske fotograaf. Syn efternamme is yn Nederlân synonym wurden foar in foto sûnder pretinsjes: it kiekje.
Israël Kiek | ||
Israël Kiek | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Israël David Kiek | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 april 1811 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 14 maaie 1899 | |
stjerplak | Leien | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fotograaf | |
bekendste wurk(en) |
It kiekje |
Libbensrin
bewurkje seksjeKiek wie it fyfde bern fan de joadske horloazjemakker David Kiek en Lea Pinto. Yn Grins hied er kistemakker, skrynwurker, slachter, lotterij-kollektant en keapman west. Earst op letter jierren waard fotograaf Kiek syn haadberop. Dat wie yn Leien, dêr't Kiek en syn frou Hendrica de Leeuw (1812-1892) hinne gien wienen doe't Kiek 44 jier wie. Yn Leien begûn Kiek yn 1855 in sigarewinkel, inkelde jierren dêrnei begûn er ek te fotografearjen. Yn 1858 wurdt syn bedriuw neamd yn it Adresboekje van Leiden: 'J.D. Kiek & Zoons, portraiteurs'. In jier letter komt syn âlste soan ek yn de saak. It berop fan fotograaf waard yn joadske famyljes faak keazen, krekt as bygelyks slachter en keapman, omdat dy harren frij festigje koenen. Fan de njoggen bern fan Kiek waarden der fiif fotograaf. Israël Kiek hat oant 1892 warber west as fotograaf; dêrnei naam syn soan Lion de saak oer.
Kiek makke meast portretfoto's, foaral foar visitekaartsjes, mar is bekend wurden troch syn groepsfoto's fan studinten. Dat wie net út reden fan syn artistike kwaliteiten, mar mear fanwegen it spontane karakter en de selsbetochte opstelling: studinten yn in dakgoate, op in keukentrep of mei gekke bekken fan tichteby naam.
Faak waard de âlde Kiek by neare nacht, nei in dispút, troch dronken studinten fan 't bêd ôf helle. Faaks wie dat ek de reden dat de kiekjes faak faach wienen, hastich makke mei in sliepperige holle. Kiek hold net fan dy studinteplaatjes; hy makke se mei de rêch nei de keet skoppende lju takeard.[1] Nettsjinsteande dat, of faaks mei dêrom, spilet Kiek faak in rol yn letter publisearre koartswillige oantinkens fan âld-studinten.
Neitins
bewurkje seksjeOp ynisjatyf fan it Leidse gemeenteriedslid Bernard Stöxen fan de stedspartij Leiden Weer Gezellig is dêr yn 1990 in monumint foar Israël Kiek kaam.
Yn Amsterdam is yn 2004 op it nije wen/wurkeilân IJburg in strjitte ferneamd nei Israël Kiek, de Kiekstraat.
In yn 1993 troch de Belgyske astronoom Eric Elst ûntdekte planetoïde nûmer 17521, is Kiek nei him neamd[2].
-
In "kiekje" makke om 1885
-
Reüny fan it dispút Humbold fan Sosjiteit Minerva, perioade 1875-1885
-
It "Kiekmonumint" fan Norman Beierle en Hester Keijser út 2001, oan it Kiekpaad yn Leien.
-
Logo fan Kiek
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|