Museum 't Fiskershúske

(Trochferwiisd fan It Fiskershûske)

Museum 't Fiskershúske, oprjochte yn 1962, is diel fan it beskerme doarpsgesicht fan Moddergat en stiet oan it Fiskerspaad. It museum jout in byld fan de ferdwûne kustfiskerij en kultuer anneks.

Museum ’t Fiskershúske (2007)

Yn 1962 kocht streekmuseum "It Admiraliteitshûs" yn Dokkum it pân Fiskerspaad 4, liet it restaurearje. Dat âldste húske fan 1794 waard ynrjochte as in fiskershúske fan om 1850 hinne.

It iepenloftmuseum bestiet út trije restaurearre fiskershuzen mei de nammen 'It Fiskershûske', 'De Aeck', 'De Blaes'. Teffens is dêr it boethúske. Yn 2003 waard de eardere garnalefabryk fan Moddergat oankocht. Nei restauraasje is it pân yn 2004 yn gebrûk naam. Der is sûnt 1987 in eksposysjeromte, 'De Logger', foar wikseljende tentoanstellings. Yn 2008 waard omtinken jûn oan de ramp fan 1883 doe't yn de nacht fan 5 op 6 maart 83 fiskers út Peazens-Moddergat ferdronken.

Museum 't Fiskershúske is ûnderbrocht yn de stichting Musea Noardeast Fryslân (Museum Dokkum en 't Fiskershúske).

Yn augustus 2018 ferwolkomme 't Fiskershúske syn tsientûzenste besiker: in lid it Dútske gesin Thorsten út Karlsruhe, dy't yn in fakânsjewente yn Wierum ferbleaune. Hja krigen in taart en in eksimplaar fan it boek De Ramp van Moddergat oanbean.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Duits gezin 10.000ste bezoeker Fiskershúske, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2018, s. 33.