It Marke is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e twadde printinge fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Yn It Marke sjocht de ik-persoan werom op in simmerjûn dat er mei syn faam út te boatsjefarren gie op in mar, eat dat ien fan 'e hichtepunten fan syn libben wie.

It Marke
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1829, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)
It Marke
It wie op in simmerjûn;
It sintsje stoe op 'e grûn
Wol heal yn 'e dauwe wei,
Krekt as er yn 't wetter lei
Sêftkes en stil wie de wrâld
It wetter lei sonder fâld
En 't goud'ne sinnefjoer
Sprate syn gleonens deroer


Men hearde nin flinter of mich
Sa flodderjen oan 'e ich,
Of gonzeljen oer 'e poel
En ek nin bernegejoel.
Smûk mei de kop yn 'e plom
Driuwkelen de eintsjes rûnom
Yn 't lizich-blêdige gnod
Jit syljende yn 'e dod.


Djip yn 'e ladene tsjalk
Song skûtefaar as in alk
In sang fan d' âlde tiid,
En wie mei 't wyfke sa bliid.
En 't wyfke spûn en striek
En digere troch 'e riik
Troch it heal opskauw'ne lûk,
En wie by har hurdsje sa kloek.


En Hearkeman om watte bút
Skoot mei de peasjou derút.
Sakeman fisket op iel,
En skoot, dat er stint, nei it wiel,
En keilt der syn dôperkes yn,
En jout se oan waar en wyn;
O, rûn der in ielke oan!
Wat joech it in rike moarn.
En ik mei in wiffe sin
Roeike myn swiet ingelin
Flink oan 'e oare marswâl.
En wie mei it fanke sa mâl.
Wat songen, wat boarten wy!
Wat wie it ús rom en frij!
O, wille! O, noflike tiid!
Wat tins ik oan dy wer bliid.


Soms driuwke it sa sêftkes wei,
De riemen sleau efternei;
Dan fette ik har ljordichjes om,
En neamde har hunichblom.
Dan lake hja wyt en blier,
As it maiblomke op 'e wier,
Tsjin 't leave rea-sintsje oan,
Yn de iere foarjiersmoarn.


O, leaflike stille mar!
Wat lake en gobbe ik mei har
En wêrom brochtste safier
Us lûd gego en getier?
Ei! Wêrom wieste sa froed?
Ei! Wêrom tilste ús lûd,
As pipen we ek as in mûs,
Sa hearrich oer fjild en hûs?


O, jûn! O, leaflike dei!
Wat tins ik dy efternei,
En wêrom fleachste sa swiid,
Do goudene griene tiid?
Do himelske simmerjûn,
Wat wieste my rêd ferrûn!
O, kaamste! Ei! Mylde, kom!
Ei! Kom my faker werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: