It Nonnelân
It Nonnelân is in natoergebietsje fan 40 hektare ten súdeasten fan Lage Vuursche en ten noardwesten fan Soest. It gebiet is eigendom fan Steatsboskbehear. Der is in wannelrûte fan 3 km oanjûn mei swart/wite pealtsjes. De rûte rint mids wiet greidlân tusken de kij troch. Der binne op de wannelrûte meardere oerstapstekjes. It gebiet hat in iepen karakter dat stadichwei oergiet fan greide, fia in sompich gebiet nei bosk.
Skiednis
bewurkje seksjeOm it jier 1000 foar Kristus wie dit gebiet ûnderdiel fan in tige sompich heechfeanmoeras dat ten westen fan Soest en Baarn lei yn in soarte kom, in útstowingsflakte achter de stowâl fan de Utertske Heuvelrêch. Ut âlde kaarten blykt dat der yn dy tiid twa beekjes troch it gebiet rûnen. Om it jier 1300 hinne begûn it turfgraven yn dit gebiet en dus ek de ûntwettering. Dit barde yn opdracht fan it Nonnekleaster yn Eastbroek yn De Bilt dy’t eigener fan it gebiet wie. Untginning barde nei it graven fan lange noard-súd rinnende wettergongen, de saneamde groepen, dy’t de namme Nonnelân krigen. De Nonnegroepen wienen net allinnich bedoeld foar ôfwettering, mar ek foar ferfier fan de stutsen turf. De turf waard fierder fia in west-east-feart (no de Preamgrêft of Pinenburger Grift neamd) nei Utert of de Iem ferfierd. Dizze feart is no de súdgrins fan It Nonnelân en de eastlike Nonnegroep, dy’t bylâns it Dolderske Leantsje rint, is de eastgrins fan it gebiet.
De Nonnegroep oan de westlike grins fan it gebiet, wurdt op de kaart fan de provinsje Utert fan 1696 oantsjutten mei de namme Nonne groep Rooyende op Den Tooren van Seyst. Dit liket oan te jaan dat der yn dy tiid sa'n bytsje begroeiing wie (in soad heide en sân), dat fan it Nonnelân ôf de toer fan Zeist te sjen wie.
De Embranchementswei (tusken Maartensdyk en de N234) bestie al yn in de perioade fan de turfwinning. Bylâns dizze wei, tsjin de eastkant fan it Nonnelân, lei de herberch “Den Dolder”, dêr’t de turfstekkers, preamskippers en hannelsreizgers oanstutsen. De namme Den Dolder komt fan dolre, dolder of dollard, dat ‘sompich gebiet’ betsjut. It doarp Den Dolder, dat fole súdliker yn in drûger gebiet leit, krige syn namme troch dizze herberch. Dit is ek de reden wêrom’t it stee fan de herberch net by de gemeente Baarn heart, mar by de gemeente Zeist, dêr’t ek Den Dolder ûnder falt.
Floara en fauna
bewurkje seksjeIt boppeste diel fan de eardere lannen is ôfgroeven om flugge groeiers as brombeien en brânnettels gjin kâns te jaan. Fan de Embranchementswei of binne yn de bosk in pear stikken lân te sjen, in ikker, in leantsje mei beammen, wat strewellegruod en mooglik in ree. Ek it swartkieltsje komt hjir foar. Yn de puollen libje reptilen, amfibyen en libbellesoarten as de keizerlibel en de fjouwerflek.
Behear
bewurkje seksjeIt ferdrûgjen fan it Nonnelân waard noch fersterke troch de lettere drinkwetterwinning. In tal planten ferdwûn dêrtroch. Begjin 20e iuw is besluten om It Nonnelân wat iepener te meitsjen en it kronkeljende beekje, dat om it jier 1000 troch it gebiet rûn en dêr’t no ek noch spoaren fan yn de grûn werom te finen binne, wer út te graven. De letter groeven sleaten fiere it wetter noch te gau ôf. Steatsboskbehear en Wetterskip Vallei en Eem hawwwe mei de Provinsje Utert maatregels nomd om it wetter yn it gebiet te hâlden. Stadichoan ûntsteane fiedselearme, skrale lannen dy't goede goede kânsen biede oan bysûndere planten. Om it wetter langer yn it gebiet fêst te hâlden, moat it wetterpeil heech hâlden wurde middels it setten fan wetterkearings yn dizze sleaten. De âlde situaasje is net werom te krijen troch de feanûntginning. It resultaat is wyls al in wiet gebiet.
Yn 2007 is in ferbining makke fan it heidegebiet om de Plúsmar nei it wietere Nonnelân. Dit moat útwikseling tusken planten en bisten mooglik meitsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |